Frankryk
|
Frankryk is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Parys en de president fân de republyk is sûnt 1995 Jacques Chirac.
Frankryk wurdt begrinzge troch:
- Belgje en Lúksemboarch yn it noarden;
- Dútslân, Switserlân en Itaalje yn it easten;
- Monako, Spanje, Andorra en de Middellânske See yn it súden;
- de Golf fan Biskaje, de Atlantyske Oseaan en It Kanaal yn it westen.
Yn Jeropa heart ek it eilân Korsika ta Frankryk, en fierder binne der noch oerseeske departeminten en oerseeske gebieten yn oare wrâlddielen.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
De Pyreneeën foarmje de natuerlike súdgrins mei Spanje, yn it easten lizze de Frânske Alpen, de Jura en de Fogezen, en yn it noardeasten lizze de Frânske Ardennen. Sintraal Frankryk wurdt dominearre troch it Sintraal Massyf, een platobergte. Fierder binne der yn it súden nog de Sevennen te finen, ien fan de sân nasjonale parken fan Frankryk.
[bewurkje seksje] Kaart
boarne: The World Factbook CIA
[bewurkje seksje] Bestjoer
Frankryk is in demokratyske republyk. De presidint wurdt sûnt 2002 foar fiif jier keazen (earder wie dat sân jier). Op it stuit is Jacques Chirac presidint fan Frankryk. De Frânske folksfertsjintwurdiging bestiet út de Assemblée Nationale (577 sitten) en de Senaat. De Earste minister is op it stuit Dominique de Villepin.
Frankryk is ien fan de dielnimmers oan de Europeeske Monetêre Uny en hat 1 jannewaris 2002 de Frânske frank as munt ynruile foar de euro.
Frankryk is opdield yn 22 regio's en yn lykernoch hundert departeminten. De oerseeske departeminten (Départements d'Outre-Mer, DOM ) binne: it Súd-Amearikaanske Frânsk-Guyana, de Karaïbyske eilannen Guadelûp en Martinyk en yn de Yndyske Oseaan Réunion. Fierders binne der oerseeske gebieten (Territoires d'Outre-Mer, TOM), dy't yn in losser ferbân mei it memmelân stean.
[bewurkje seksje] Gearwurking
Franryk is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de Feilichheidsrie. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).
[bewurkje seksje] Sport
- Omgong fan Frankryk
- Roland Garros