Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
1995 - Wikipedy

1995


Ieuwen: 15e 16e 17e 18e 19e - 20e ieu - 21e 22e 23e 24e 25e
Jierren: 1990 1991 1992 1993 1994 - 1995 - 1996 1997 1998 1999 2000


1995 is in gewoan jier dat begjint mei in snein. (Kalinder foar 1995.)

Ynhâld

[bewurkje seksje] Foarfallen

jannewaris 
  • 1 - Eastenryk, Finlân en Sweden wurde lid fan de Europeeske Uny.
  • 1 - De organisaasje WTO (World Trade Organisation) tredet yn wurking as ferfanging fan GATT (General Agreement on Tariffs and Trade).
  • 1 - By in hotelbrân yn Antwerpen falle 12 deaden.
  • 9 - Valeri Poljakov ferlit nei 366 dagen it romtestasjon Mir. It is it langste ferbliuw ea.
  • 17 - Kobe yn Japan wurdt troffen troch in swiere ierdbeving mei in krêft fan 7,3 op de skaal fan Richter. De stêd wurdt foar in grut part ferwoaste. Der falle 6633 deaden.
  • 18 - Yn it suden fan Frankryk, by Vallon-Pont-d'Arc, wurde grotten ûntdutsen mei tekenings dy't 17.000 oant 20.000 jier âld binne.
  • 24 - De iepenbiere oankleiers jouwe harren iepeningspleidoai yn de rjochtsaak tsjin O.J. Simpson.
  • 30 - De Flaamske TV-stjoerder Ka2 (letter Kanaal 2 en KanaalTwa) wurdt oprjochte troch de VMMa.
febrewaris 
  • 6 - Arantxa Sanchez-Vicario lost Steffi Graf nei 87 wiken ôf as de nûmer ien op de wrâldranglist fan de proftennissters; de Spaanske moat dy posysje nei twa wiken wer ôfstean oan har Dútske kollega.
  • 9 - Dr. Bernard A. Harris Jr. wurdt de earste Afrikaan yn de romte.
  • 11 - Rintsje Ritsma fan De Lemmer wurdt yn Baselga wrâldkampioen reedriden Oer-alles.
  • 15 - Yn de F.S. wurdt Kevin Mitnick arresteard. Hy bruts yn yn guon fan de meast befeilige kompjûtersystemen fan it lân.
  • 21 - By in finzenisopstân yn de Serkadjy finzenis yn Algerije komme yn 1,5 dagen tiid fjouwer sipiers en 96 finzenen om.
  • 20 - De Flaamske feearts-karder Karel Van Noppen wurdt net fier fan syn hûs deasketten. De moard barde yn opdracht fan de hormoanemaffia.
  • 26 - De âldste ynvestearingsbank fan it Feriene Keninkryk, Barings Bank, giet fallyt neidat effektenmakelder Nick Leeson €1,1 miljard ferlear op de beurs fan Tokio.
maart 
  • 3 - De FN-misje yn Somaalje wurdt beëinige sûnder de oarder yn it lân werom te bringen.
  • 11 - Iepeningsseremoanje fan de tolfde Pan-Amerikaanske Spullen yn Mar del Plata.
  • 20 - De sekte Aum Shinrikyo ferspriedet it senuwgas Sarin yn fiif metrostasjions fan Tokio yn Japan. Tolve minsken komme om, mear as seistûzen reitsje ferwûne .
  • 22 - Kosmonaut Valery Polyakov komt nei in rekordferbliuw fan 438 dagen yn de romte werom op de Ierde.
april 
  • 10 - Sjanghai Metrolijn 1 wurdt iepene en is dêrmei de earste metroline yn in ambisjeus plan fan de gemeente Sjanghai om in netwurk fan sa'n 20 metrolinen oan te lizzen binnen 40 jier tiid.
  • 10 - Andre Agassy lost Pete Sampras nei 82 wiken ôf as nûmer ien op de wrâldranglist fan de tennisprofesjonals; de Amerikaan moat dy posysje nei tritich wiken wer ôfstean oan syn lângenoat.
  • 19 - By in bomoanslach yn Oklahoma City, FS, komme 168 minsken om it libben, wêrûnder 19 bern.
  • 21 - Nederlân einigt as fjirde by it wrâldkampioenskip iishockey foar B-landen yn Kopenhagen.
  • 22 - Mauro Gianetti wint de 30ste edysje fan Nederlânsk ienige fytsklassiker, de Amstel Gold Race.
maaie 
  • 1 - As earste Nederlânske muzykstasjon start TMF (The Music Factory) mei útstjoeren. Ek de stjoerder TV 10 Gold stjoert fanôf dizze datum út.
  • 7 - Jacques Chirac wurdt ta presidint fan Frankryk keazen.
  • 7 - Finlân ferslaat gastlân Sweden yn de finale fan it wrâldkampioenschap iishockey foar A-lannen yn Stockholm.
  • 11 - Mear as 170 lannen beslisse yn New York ta in ferlinging fan it Nucleaire Non-Proliferaasjeferdrach fan 1 july 1968 foar ûnbepaalde doer en sûnder foarwearden.
  • 14 - De Dalai Lama ferkundiget dat de 6-jierrige Gedhun Choekyi Nyima de 11e reynkarnaasje fan de Panchen Lame is.
  • 21 - De hockeysters fan Kampong prolongearje de lânstitel yn de Nederlânske haadklasse troch HGC mei 2-0 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
  • 23 - De programmeartaal Java wurdt oankundige.
  • 24 - Ajax wint de Champions League finale fan AC Milan troch in goal fan Patrick Kluivert.
  • 25 - Gastlân Súd-Afrika iepenet it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch titelferdigener Austraalje mei 27-18 te ferslaan.
  • 27 - Akteur Christopher Reeve rekket yn Firginia ferlamme fanôf de nekke nei in fal van syn hynder.
  • 28 - Neftegorsk yn Ruslân wurdt troffen troch in ierdbeving mei in krêft fan 7,6 op de skaal fan Richter. 2/3 fan'e befolking, of 2000 minsken, komme om.
  • 28 - Amsterdam wint de lânstitel yn de Nederlânske haadklasse troch HDM mei 4-3 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
juny 
  • De Space Shuttle Atlantis keppelt mei de Russyske Mir. Dit wurdt sjoen as symboal foar de gearwurking yn de romte nei de ein fan de Kâlde Oorloch.
  • 25 - Súd-Afrika wint foar eigen publyk yn it Ellis Park-stadion yn Johannesburch it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch yn de finale Nij-Seelân mei 15-12 te ferslaan.
  • 25 - Yn it Wagener-stadion yn Amstelveen weroverje de Nederlânske hockeysters de Europeeske titel troch Spanje yn de finale nei strafballen te ferslaan.
july 
  • In hjitteweach treft it midwesten fan de Feriene Steaten. Wol 5 neimiddeis efterinoar berikt de temperatuer 40°C. Minstens 3000 minsken stjerre.
  • 1 - Irak jout, nei bewiis fan UNSCOM, ta dat der in biologysk wapenprogramma bestiet.
  • 11 - Bosnysk-Servyske troepen feroverje de moslim-enklave Srebrenica yn Bosnië-Herzegovina, op dat momint befeilige troch Nederlânske FN-militêren, en pleegje genoside op 7500 mânlju en jonges.
  • 23 - Miguel Induráin wint de 82ste edysje fan de Omloop fan Frankryk. It is de fiifte einoerwinning op rige foar de Spaanske hurdfytser.
augustus 
  • 4 - Kroaasje lansearret Operaasje Stoarm tsjin it Servyske leger yn Krajina dat him weromlûkt oant Bosnië.
  • 24 - Under massale mediabelangstelling wurdt wrâldwiid Windows 95 fan Microsoft lansearre.
  • 27 - Yn Dublin ferliest de Nederlânske hockeyploech yn de finale fan it Europeesk kampioenskip op strafballen fan titelferdigener Dútslân.
  • 28 - Bosnyske Serviërs fiere in mortieroanfal út op de Markale-merk yn Sarajevo
  • 28 - SBS 6 begjint har útstjoerings.
  • 30 - De NATO-bombardeminten tsjin de Servyske posysjes begjint yn Bosnië.
septimber 
  • 1 - Feronica ferlit it publike bestel en begjint oan har kommersjele aventoer.
  • 4 - Yn Peking begjint de 4e wrâldkonferinsje foar froulju mei 4750 ôffeardigen út 181 lannen.
  • 5 - Undergrûnske kearnproef fan Frankryk op it eilân Mururoa.
  • 9 - De Sony Playstation (PSX) wurdt op de merk brocht yn de F.S.
oktober 
  • 4 - O.J. Simpson wurdt troch de sjuery ûnskuldich ferklearre oan dûbele moard.
  • 9 - De Amtrak Sunset Limited ûntspoart op in brêge oer in sydrivier fan de Mississippy. De oarsaak wienen ferbûgde spoaren nei in oanfarring fan in binnenskip mei de brêge.
  • 10 - Troch in modernisearring fan it telefoannetwurk bestean alle Nederlânske telefoannûmers fanôf dizze datum út tsien sifers.
  • 22 - Willy Claes nimt ûntslach as Sekretaris-Generaal fan de NAFO as gefolch fan de Agusta-Zaak yn België.
  • 30 - Separatisten út Québec ferlieze nipt in referendum foar ûnôfhinklikheid fan Kanada.
novimber 
  • Lech Walesa ferliest de presidintsferkiezingen yn Poalen fan Aleksander Kwasniewski.
  • 1-21 - De akkoarden fan Dayton wurde besprutsen, dy't de sitewaasje yn Bosnië regelje moatte.
  • 4 - Premier Yitzhak Rabin wurdt dealik rekke troch in kûgel fan in ekstreem rjochtse Israëly. Hy stjert letter yn it sikehûs op de operaasjetafel.
  • 20 - De EU en Israël tekenje yn Brussel in gearwurkingsferdrach.
  • 30 - Javier Solana wurdt ûnferwacht útkeazen om de nije sekretaris-generaal fan de NAFO te wurden. Yn de Feriene Steaten stjoere 52 kongresleden in protesttelegram nei it Wite Hûs omdat Solana in pro-Castro polityk fierde tsjinoer Kuba doe't hy Spaansk minister fan bûtenlânske saken wie.
desimber 
  • De Soufrière-fulkaan op Montserrat komt ta útbarsting.
  • 14 - Mei de ûndertekeningen fan de akkoarden fan Dayton yn Parys wurdt de Bosnyske oarloch beëinige.
  • 15 - It Bosman-arrest fan it Europeesk Hof fan Justysje skept nije ferhâldingen yn de fuotbalwrâld. Fuotbalprofs meie tenei, nei it ferstriken fan harren kontrakt, transferfrij fuortgean. Dit komt harren merkwearde gâns ten goede.
  • 16 - Irakese dûkers ûnder lieding fan UNSCOM fine yn de Tigris tichtby Bagdad mear as 200 Russyske raketten en raketûnderdielen.
Net-kende data 
  • De Bibel ferskynt as Roomsk-Katolike Willibrordoersetting (WV)
  • Dr. Ivan Turk fynt yn de Divje Babe 1 grot in Sloveenje de âldst kende fluit, dy't makke waard troch in Neandertaler.
  • It Ebolafirus deadet 244 Afrikanen yn Kikwit yn Kongo.

[bewurkje seksje] Muzyk

Album top 10 (bron: popdossier.nl)

  1. Strauss & Co - André Rieu
  2. Oker - Clouseau
  3. The Colour Of My Love - Céline Dion
  4. Throwing Copper - Live
  5. No Need To Argue - The Cranberries
  6. Smash - The Offspring
  7. Marco - Marco Borsato
  8. Crossroad (The Best Of Bon Jovi) - Bon Jovi
  9. Al 15 Jier Gewoan Andre - André Hazes
  10. The Lion King - Original Soundtrack

[bewurkje seksje] Film

  • Apollo 13
  • Bad Boys
  • Braveheart
  • Jade
  • Toy Story
  • The Usual Suspects
  • Babe
  • Sense and Sensibility
  • Nixon
  • Get Shorty

[bewurkje seksje] Berne

[bewurkje seksje] Ferstoarn

jannewaris 
  • 22 - Rose Fitzgerald Kennedy (104), mem fan û.o. John, Robert en Edward Kennedy
  • 25 jannewaris - Hans van Wijnen, in Nederlânsk Folleybalynternational.
febrewaris 
  • 2 - Fred Perry (85), Britsk tennisser
  • 14 - Ischa Meijer (52), Nederlânske skriuwer, kolumnist en sjoernalist
  • 23 - James Herriot (78), Britske feearts en skriuwer
maart
  • 18 - Gé Dekker (90), Nederlânske swimmer
april 
  • 25 - Ginger Rogers (83), Amerikaanske aktrise en dûnseres
  • 27 - Willem Frederik Hermans (73), Nederlânske skriuwer
maaie 
  • 11 - Ivo Samkalden (82), Nederlânsk politikus
  • 21 - Annie M.G. Schmidt (84), Nederlânske skriuwster
juny 
  • 23 - Jonas Edward Salk (80), Amerikaanske mikrobiolooch, bestrider fan polio
  • 27 - Nida Senff (75), Nederlânske swimster en olympysk kampioene
  • 29 - Lana Turner (75), Amerikaanske filmstjer
  • 29 - Sicco Mansholt (86), Nederlânske boer en politikus, trettjin jier minister fan lânbou en Europeesk Kommissaris
  • 30 - Gale Gordon (89), Amerikaanske komyske akteur
july 
  • 4 - Bob Ross (52), Amerikaanske keunstskilder, stoarn oan kanker
  • 18 - Fabio Casartelli (24), Italiaanske hurdfytser, stoarn nei fal yn de Omloop fan Frankryk
augustus 
  • 10 - Gijs van Aardenne (65), Nederlânske politikus
  • 10 - Leo Apostel (69), Belgyske filosoof
  • 24 - Georgette Hagedoorn (85), Nederlânske aktrise
septimber 
  • 15 - Rien Poortvliet (64), Nederlânske tekener
  • 16 - Leo Horn (79), Nederlânske fuotbalskiedsrjochter
oktober 
  • 10 - Bobby Riggs (77), Amerikaanske tennisser
novimber 
  • 2 - Jan Linssen (82), Nederlânske fuotballer
  • 4 - Yitzhak Rabin (73), Israëlyske generaal, diplomaat, politikus, premier en Nobelpriiswinner
  • 4 - Gilles Deleuze (70), Frânske filosoof
  • 23 - Louis Malle (63), Franske regisseur
  • 24 - Paul van de Rovaart (91), Nederlânske hockey-ynternational
  • 26 - Frans Vasen (65), Nederlânske akteur
desimber 
  • 16 - Albert Alberts (84), Nederlânske skriuwer en oersetter
  • 17 - Hendrikus Berkhof (81), Nederlânske predikant en teolooch
  • 18 desimber - Konrad Zuse, Dútsk yngenieur en bouwer fan de earste kompjûter, de Z3 (* 1910).
  • 25 - Emmanuel Lévinas (89), Frânske filosoof
  • 25 - Dean Martin (78), Amerikaanske akteur en komyk
  • 27 - Henk Bouwman (69), Nederlânske hockey-international
  • 29 - Johannes Alvarez Manusama (85), presidint yn ballingskip fan de Republik Maluku Selatan



Jierren: 1990 1991 1992 1993 1994 - 1995 - 1996 1997 1998 1999 2000
Ieuwen: 15e 16e 17e 18e 19e - 20e ieu - 21e 22e 23e 24e 25e


Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com