Minske
In minske is in man of frou.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ûntstean
[bewurkje seksje] De skepping
"Yn it begjin hat God de himel en de ierde skepen" Sa begjint it earste boek fan 'e Bibel. Sa'n 6.000 jier lyn sawat, skepte God de ierde, himels en it hielal. En de kroan op syn wurk wie de skepping fan 'e minske.
Nei betroubere oerlevering kinne wy oannimme dat de minsk foarme waard fan stof út 'e ierde en God him de libbenssiken yn 'e noas ynblies. Omdat er sa allinnich wie, makke God de frou foar him. Mar san hûndert jier letter waard de minske troch in misstap stjerlik en waard hy doemd om him fuort te plantsjen.
[bewurkje seksje] Evolúsje
Der bin guon dy't ûntkenne dat de minske skepen is. Omdat hja net yn de grutte kracht God leauwe, of dizze kracht ûntkinne, skatte hja syn wurk yn op in proses fan miljoenen jierren.
It gefolch hjirfan wie dat men moast fyne wêr't de minske dan wei komme moatte soe, omdat men net yn ien klap in minske rûnrinne hawwe kinne soe sûnder skepping. Dus hja sochten nei wezens hjir op ierde dy't in bytsje liken op 'e minske en kamen sa by de aap út.
[bewurkje seksje] De leeftyd fan 'e minsk
Doe't de minsk krekt skepen wie, waard hy noch hiel âld. De âldste, Metûsjelach, waard 969 jier. Mar nei de Sûndfloed waarden de minsken net sa folle âlder mear as wy hjoeddeis wurde kinne. Dat komt warskynlik omdat it broeikaseffekt en de beskermlaach fan it wetter rûn om 'e ierde fuort is. Wy wurde hjoeddeis oan hiel protte straling bleatsteld. En ús lichem kin dat net al te lang oan.
It wurd ek algemien oannaam dat de ferbrâning fan iten yn 'e mage ek ferâldering bringt. Dêrom wurde frouwen - dy't faaks minder ite - ek âlder. Mar gjin minsk kin sûnder iten. Dan stjert men ek.
De ferwachte leeftyd fan 'e hjoeddeiske minske yn Nederlân is foar mannen gemiddeld 75,8 en foar frouwen 80,7 jier.
[bewurkje seksje] Minskerassen
[bewurkje seksje] Útstoarne rassen
Sa no en dan fynt men noch wol ris in minsk dy't men net sa gau identifisearje kin. Sa as de neandertaler. Dizze man wurd faaks fergelike mei in aap, omdat hy solke nei foaren groeide winkbrauwen hat. Mar de winkbrauwen jouwe just de leeftyd oan fan 'e minsk, trochdat de winkbrauwen hieltyd troch groeie. Dizze minsk sil sa't it liket in hiel âlde man west hawwe, wy tinke in net sa'n fiere ôfstammeling fan Noach, doe't hy krekt de floed trotseard hie.
[bewurkje seksje] Hjoeddeiske rassen
Hjoeddeis binne der in protte minskerassen ûntstien wurden. Faaks wurde hja ûnderferdield nei it Wrâlddiel, mar dat is net jimmer korrekt. Der wurd namelik ek tocht dat de minske út India famylje binne fan 'e Europeanen. En de Basken en Lappen byfoarbyld, dy't ek yn Europa wenje, hawwe wer neat te krijen mei de Europeanen.
[bewurkje seksje] Rassehaat
Rassehaat is de haat fan minsken fan in oar ras. Dat barde ûnder oare yn 'e Twadde Wrâld Oarloch mei de Dútsers tsjin de joaden.