Skotlân
|
Skotlân (Alba yn Skotsk-Gaelysk) is in naasje yn noardwest Europa en in ûnderdiel fan it Feriene Keninkryk. It lân beheint it noardlike, tredde diel fan it eilân fan Grut-Brittanje en grinzet yn it súden oan in lânsgrins fan Ingelân, is yn it easten omjûn troch de Noardsee, yn it noarden en westen troch de Atlantyske Oseaan, en yn it súdwesten troch de North Channel en de Ierske See.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Namme
It wurd Scot- waard liend fan it Latyn, en it soe brûkt wêze fan de earste helte fan de 10de ieu ôf, doe't it foar it earst ferskynde yn de Anglo-Saxon Chronicle as in ferwizing nei it Lân fan de Gaels, analogysk foar it Latynske Scotia. Skotske keningen namen de titel Basileus/Rex Scottorum (= Hege Kening/Kening fan de Gaels, basileus betsjut soeverein yn it Gryksk, en rex betsjut kening yn it Latyn) en Rex Scotiae (Kening fan Gael-Lân) earne tidens de 11de ieu. Dat wie wierskynlik fanwege de styl dy't yn 1005 troch de Ierske kening Brian Bóruma brûkt waard, nammentlik Imperator Scottorum. Yn moderne tiden wurdt it wurd Scot brûkt foar alle ynwenners, hokfoar etnyske skiednis immen ek hat, om't de Skotske naasje in mear boargerlike as monokulturiel etnyske oriïntearring hân hat tidens it grutste part fan it lêste millennium.
[bewurkje seksje] Jild
Skotlân hat deselde munt as hiel Grut-Brittanje, it Britske Pûn, mar foar it jild is dat net sa. Ingelske munten kinne al brûkt wurde yn Skotlân, en oarsom, mar Skotlân hat eigen papierjild. Dêrby is der troch de bysûndere skiednis fan Skotlân nea in monopoalje ynsteld op it meitsjen fan bankbriefkes. Trije banken meitsje it Skotske jild:
- Bank of Scotland
- Royal Bank of Scotland
- Clydesdale Bank
Wetlik is de situaasje sels dat der hielendal gjin papierjild is yn Skotlân. De bankbriefkes fan de trije Skotske banken binne wetlik sjoen allinnich promessen fan de bank. It ienichste papierjild dat al wetlike status yn Skotlân hawwe soe, binne de Ingelske bankbriefkes fan minder as fiif pûn, mar op it stuit hat Ingelân sokke bankbriefkes net.
[bewurkje seksje] Keninkryk
It Keninkryk fan Skotlân wie in frije steat oant 1 maaie 1707, doe't de Act of Union resultearre yn in uny mei it Keninkryk fan Ingelân, dat it Keninkryk fan Grut-Brittanje foarme.
Alhoewol't Ingelân in wichtiger rol spilet yn Grut-Brittanje, binne de twa keninkryken formeel lyk. Hja hawwe ek beide in eigen systeem fan titels en flaggen. Bygelyks, de troanopfolger hat yn Skotlân de titel Hartoch fan Rothesay. De Britske kening hat ek as kening fan Skotlân in wapenbanier. Dy wurdt lykwols troch de Skotske befolking gauris brûkt njonken de Skotske flagge, hoewol't de wet dat eins net tastiet.