Latyn
It Latyn wie de taal fan de Romeinen en wie om de jiertelling hinne de belangrykste taal yn it Middellânske-Seegebiet. Trochdat Latyn de taal fan de tsjerke woarn waard, en de mûntsen yn de Midsieuwen de wichtichste wittenskippers wienen, waard it Latyn ek ta de taal fan de wittenskip.
Dy rol is tebekrûn nei't de universiteiten oergongen op de lânstaal, mar ek no noch wurdt Latyn yn ferskate lânnen noch as skoallefak ûnderwiisd, lykas bygelyks yn Nederlân op de middelbere skoalle. De taal wurdt ûnder oaren ek noch brûkt by it takennen fan nammen foar plânten en bisten.