Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Grut-Brittanje - Wikipedy

Grut-Brittanje

Dizze side giet oer it lân Grut-Brittanje. Sjoch Grut-Brittanje (betsjuttings) foar oare betsjuttings fan Grut-Brittanje.
United Kingdom of
Great Britain and Northern Ireland
Flagge fan Grut-Brittanje Wapen fan Grut-Brittanje
Motto: Dieu et mon droit
Folksliet: God save the Queen
Lokaasje fan Grut-Brittanje
Offisjele taal Gjin; Ingelsk de facto
Haadstêd Londen
Steatsfoarm Konstitúsjonele monargy
Gebiet
% wetter
244.820 km²
1,3­%
Ynwenners (2001) 58.789.194
Munt Pound (GBP)
Tiidsône UTC 0
Nasjonale feestdei twadde sneon yn juny
Lânkoade GBR
Ynternet .uk
Tillefoan +44

It Grut-Brittanje, folút Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân is in lân yn West-Jeropa. De haadstêd is Londen en de keninginne fan de monargy is sûnt 1952 Elizabeth II.

Grut-Brittanje wurdt begrinzge troch:

Foar de Frânske kust, west fan Brittanje, lizze noch de Kanaaleilannen, en fierder hat Grut-Brittanje noch oerseeske gebieten.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Hichte

Grut-Brittanje is it heechst yn it noarden, yn de Skotse Heechlannen, mei Ben Nevis (1.343 m.) as heechste punt. De heechlannen wurde spliten troch de Grutte Glen, om't se op in geologyske brekline lizze. Nei in smelle ûnterbrekking, dêr't Eddinboarch en Glasgow lizze, komme de Súdlike Boppelannen, dy't gjin heechlannen binne, mar dochs nog toppen hawwe dy't 843 m. (Merrik) en 840 m. (Broad Law) heech binne. De grins tusken Skotlân en Ingelân wurdt foarme troch de oergong nei de Penninen. Dizze binne yn it noarden noch heech, Krús Fel (893 m.), mar wurde nei it súden ta hieltyd leger. Noard-súd binne se al grut, mar east-west is dat net sa; foar it grutste part leit east en west fan de Penninen leger lân. Dit jout se de bynamme, de Rêchbonke fan Ingelân. It súdeasten fan Ingelân is dúdlik leger. Foar de westkant is dat net sa. Dêr lizze yn it noarden de Kumbryske Bergen, en yn it suden de hichten fan Devon. Dêrtuskenyn leit Wales, wat hielendal bergeftich is. Noard-Ierlân, as in part fan it eilân Ierlân, is heuvelich, lykas de oare parten fan it eilân.

[bewurkje seksje] Eilannen

Grut-Brittanje is in eilanneryk. Njonken it eilân sels heart Noard-Ierlân, in part fan it eilân Ierlân, ta it keninryk. Om dizze grutte eilannen hinne leit noch in ferskaat fan oare eilannegroepen en eilannen dy't ek ta it ryk hearre. Yn it noarden lizze trije grutte eilannegroepen: Sjetlân, de Orkaden en mear nei it westen de Hebriden. Ticht by de Hebriden, mar oan de oare kant van Kintyre, leit it eilân Arran. Yn de Ierske See leit it eilân Man, en ticht by de kust fan Wales lizze Angelseach en it lytsere Hillich Eilân. Yn it Bristol Kanaal leit Lundy, foarby de súdwestpunt fan Kornwal lizze de Skorels, en oan de súdkust fan Ingelân leit it eilân Wicht. Mar foar alle kusten lizze ek noch lytsere eilantsjes; Grut-Brittanje hat mear as tûzen lytse eillannen.

[bewurkje seksje] Wetter

Net allinich is der see oan alle kanten fan Grut-Brittanje, mar der rint ek in grut tal fan koarte rivierkes fan it binnenlân nei de kust. De langste rivier fan Grut-Brittanje is de Severn (354 km.), dy't troch Ingelân en Wales kringelt, en yn it Bristol Kanaal útkomt. In oare wichtige rivier is de Teems (346 km.), dy't troch Engelân rint, en nei't er troch Londen kaam is yn it Kanaal útkomt. De grutste mar leit yn Noard-Ierlân: Lough Neag. De djipste mar is Loch Morar yn Skotlân (309 m.), mei op it twadde plak Loch Nes (mar 228 m.). Troch de yntensyve yndustry wurdt it lân ek noch trochkrúst troch in grut tal fan kanalen.

[bewurkje seksje] Bestjoer

[bewurkje seksje] Yndieling

Ieuen fan skiednis spylje in rol by de bestjoerlike yndieling. Foar parten fan it bestjoer wurdt Grut-Brittanje opdield yn Ingelân, Skotlân en (Noard-) Ierlân, en ek wol Wales. Fierder jilde der noch hieltiid útsûnderings foar Kornwal, wat al mear as in milennium lyn troch Ingelân oerweldige is.

[bewurkje seksje] Hearrige gebieten

It eilân Man en de Kanaaleilannen binne sels hielendal gjin part fan it lân. Se meitsje al gebrûk fan tsjinsten fan Grut-Brittanje, en hawwe foar it grutste part deselde wetten, mar se hearre net ta it lân, mar ta de kroan. In gefolch hjirfan is dat se ek gjin part fan de Jeropeeske Uny binne.

[bewurkje seksje] Oerseeske gebieten

  • Anguilla
  • Bermuda
  • Britsk Antarktysk Gebiet
  • Britske Fammeneilannen
  • Britsk Yndyske Oseaan-gebiet
  • Britsk Syprus
  • Kaaimaneilannen
  • Falklâneilannen
  • Gibraltar
  • Montserrat
  • Pitcairneilanden
  • Sint-Helena
  • Súd-Geörgje en de Súdlike Sandwicheilannen
  • Turks- en Kaikoseilannen

[bewurkje seksje] Gearwurking

Grut-Brittanje is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945) dêr't it in permaninte sit hat yn de Feiligensried. It lân is ek stiftend lid fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949) en de Rie fan Jeropa (1949). It lân is sûnt 1973 lid fan de Jeropeeske Uny, mar hat gjin diel oan de Monetêre Uny.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com