Roemeenje
|
Roemeenje is in lân yn East-Jeropa. De haadstêd is Bûkarest en de presidint fân de republyk is sûnt 2004 Traian Băsescu
Roemeenje wurdt begrinzge troch:
- Oekraïne yn it noarden;
- Moldaavje yn it noardeasten;
- de Swarte See yn it easten;
- Bulgarije yn it súden;
- Servje yn it súdwesten;
- Hongarije yn it westen.
De foarm fan it lân liket op dy fan in platfisk, mei de bek nei it westen rochte. Dit byld koe symboal stean foar de posysje fan Roemeenje yn Jeropa. Waard de haadstêd Bûkarest eartiids al lyts Parys neamd en naam Roemeenje yn de tiid fan it Sovjetregime al in apart plak yn it Eastblok yn, tsjinwurdich is it politike stribjen der op rjochte sa gau mooglik dielgenoat te wurden fan de Jeropeeske Uny, wat nei it him oansjen lit yn 2007 syn beslach hawwe sil.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Munt
De muntienheid fan Roemeenje is de Leu. Op 1 july 2005 waard yn it lân in nije Leu ynfierd, dy't de muntkoade RON krige hat. Dy ferfong de âlde Leu, mei muntkoade ROL, dy't nei 31 desimber ôftanke waard om't er te fier ûntwearde wie. 10.000 ROL waarden 1 RON.
[bewurkje seksje] Demografy
Etnyske groepen neffens de folkstelling fan 2002:
- Roemenen 89,5%
- Hongaren 6,6%
- Roma 2,5%
- Oekraïners 0,3%
- Dútsers 0,3%
- Russen 0,2%
- Turken 0,2%
- Oare groepen 0,4%
Oare lytse etnyske minderheden yn Roemeenje: Albanezen, Armenen, Bulgaren, Tsjechen, Kroäten, Joaden, Griken, Serven, Slowaken, Tataren, Poalen en Italjanen.
[bewurkje seksje] Bestjoerlike yndieling
Roemeenje is yndield yn de fjouwer histoaryske regio's Transsylvaanje (op de kaart grien), Wallachije (blau), (Roemeensk) Moldaavje (read) en Dobroodzje (giel). Tagelyk is it lân yndield yn 41 saneamde judeţe (sprek út: jûdetse), in soarte fan provinsjes plus de gemeente Bucureşti (Bûkarest).
De 41 judeţe binne:
|
|
|
|
[bewurkje seksje] Ferneamde Roemenen
- byldhouwer Constantin Brâncuşi.