It Amelân
Gemeente It Amelân | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | P. Verhoeven |
Haadplak | Ballum |
Gebiet - wetter |
268,5 km² - 209,97 km² |
Ynwenners | 3.525 |
Ferkearsieren | --- |
Netnûmer | 0519 |
Postkoades | 9161 - 9164 |
Offisjele webstee | www.ameland.nl |
It Amelân (Ameland) is ien fan de fiif Fryske waadeilannen. It is in gemeente mei 3.554 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 268,5 km2, wêrfan 209,97 km2 wetter, en 55,2 km kust.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak fan it eilân is Nes, en de oare plakken op it eilân binne: Ballum, Bueren en Hollum.
[bewurkje seksje] Skiednis
De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Amelân.
Krekt hoe lang it Amelân al bewenne wurdt is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribjen de hearren fan Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en letter in gemeente.
It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e ieu drige de Slink it eilân sels yn twa te brekken, mar minsk en natuer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat it Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen.
[bewurkje seksje] Fear
Oftocht fan de daam, hat de ferbining fan it Amelân mei de wal altyd in fear west. Dat fear giet fan Nes nei Holwert yn Dongeradiel. Oant likernõch 1940 hie West-Amelân in eigen fear, dat fan de Ballumer Bocht nei Swarte Harne gie.
[bewurkje seksje] Taal
Op it Amelân wurdt Amelânsk sprutsen, ien fan de dialecten fan it Stedsk. Al is dit fan oarsprong in mingtaal tusken Frysk en Hollânsk, it Amelânsk stiet no sa fier fan it Frysk ôf dat de measte ynwenners gjin Frysk ferstean kinne.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrich
It Amelân is ek bekend fan de leginde fan Rikst fan it Oerd.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings
|
---|
Fryske waadeilannen: |