Bueren
Bueren (Offisjeel: Buren) is in doarp op it Fryske eilân It Amelân.
Bueren hat sirka 670 ynwenners. It doarp leit midden op it eilân, en is dêrmei it meast eastelike fan de fjouwer doarpen fan It Amelân. In kilometer fierder nei it westen leit Nes; nei it easten lizze de Koaidunen en dan it Oerd. Oars as de oare doarpen op it Amelân is Bueren fan oarsprong in streekdoarp; dêrtroch is it rommer fan opset as de tsjerkdoarpen. It toerisme spilet foar it doarp in wichtiche rol.