De Richel
De Richel is in plaat op it waad, east fan Flylân.
[bewurkje seksje] Lokaasje
De Richel leit in kilometer east-súdeast fan de eastein fan Flylân, op 53°17'30"N - 5°8'E.
De plaat wurdt begrinzge troch
- de Flylander Balch yn it westen;
- de Flysleat yn it noardwesten;
- De Flystream yn it easten;
- it Frânske Gatsje yn it súdeasten.
Lykas alles op it waad, feroarje de balchen en streamen om de plaat lykwols hieltiid fan foarm. Sa stie de Flylander Balch yn de tachtiger jierren fan de 20e ieu yn ferbining mei it Frânske Gatsje, mar yn de 21e ieu hat de Richel in ferbining nei it suden mei de Waardgrûnen. It is dizze ferbining dy't by it Waadrinnen nei de Richel brûkt wurdt. Ek yn de 19e ieu wie der in ferbining, mar doe wie dy direkter en westliker. Tusken de Flylander balch en de Flysleat troch wie der doe in ferbining mei it Flylânske waad.
[bewurkje seksje] Skiednis
De ôfstân tusken Flylân en de Richel hat yn it ferline minder west, en de plaat hat ek grutter west. Yn de 19e ieu wie oan de noardkant fan de Richel it súdlike part fan de eardere Rezineplaat fêstgroeid. Dêrtroch lei de noardpunt fan de Richel fierder de Noardsee yn as Flylân. Om op Flylân te kommen moast in skip om de Richel hinne de Suder Stoartemelk yn om by de tagong ta de Flysleat te kommen. Der wie yn de Flystream ek in Flyree, east fan de Richel. De gruttere omfang fan de Richel soarge dêr foar beskutting tsjin de seeën út de Noardsee, wat it plak brûkber makke as ree foar Flylân.
[bewurkje seksje] Fear
Ek hjoed moat it fear út Harns noch om de Richel hinne draaie om by it oanlisplak op Flylân te kommen. Dêrby kinne de toeristen op it skip dan faak de koloanje Grize Seehûnnen sjen dy't op de Richel en de Jabiksriggen libje.
|
---|
Fryske waadeilannen: |