Ferwerderadiel
Gemeente Ferwerderadiel | |
---|---|
Provinsje | Fryslân |
Boargemaster | W. van den Berg |
Haadplak | Ferwert |
Gebiet - wetter |
133,18 km² - 35,51 km² |
Ynwenners | 8.966 |
Ferkearsieren | N357 |
Netnûmer | 0518, 0519, 058 |
Postkoades | 9071 - 9179 |
Offisjele webstee | www.ferwerderadiel.nl |
Ferwerderadiel is in gemeente oan de noardkust fan Fryslân, mei 8.966 ynwenners (1 jannewaris 2005). De gemeente hat in gebiet fan 133,18 km2, wêrfan 35,51 km2 wetter, en 10,1 km kust.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Lizzing
Ferwerderadiel grinst oan de noardkant oan de Waadsee, yn it easten oan Dongeradiel, yn it súdeasten oer de Ie oan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel, yn it súdwesten oan Ljouwerteradiel en yn it westen oan it Bilt.
[bewurkje seksje] Plakken
Haadplak fan de gemeente is Ferwert, en de oare plakken yn de gemeente binne: Burdaard, Blije, Ginnum, Hallum, Hegebeintum, Jannum, Jislum, Lichtaard, Marrum, Reitsum en Wânswert.
Fierder leit ek in part fan de buorskip Bartlehiem yn dizze gemeente.
Nei ûndersyk troch de Fryske Akademy is de gemeente op 1 jannewaris 1999 oergongen op in Fryske gemeentenamme en Fryske plaknammen.
[bewurkje seksje] Skiednis
It gebiet hat fan de 6e ieu f. Kr. oant de 12e ieu nei Kr. in gebiet fan terpbewenning wêst. In de 12e ieu begûn de oanlis fan dyken, wêrtroch in folle grutter gebiet bewenber waard.
Ferwerderadiel wie yn die tiid part fan Eastergoa, en nei't dat split waard in part fan de Noardlike njoggen. Fan 1242 ôf wurdt der skreaun fan grytmannen, mar pas yn de 15e ieu wurde de dielen selstannich, wurdt Ferwerderadiel in gritenij.
Oant dy tiid wie ek it Amelân part fan Ferwerderadiel, mar yn 1405 waard it eilân selstannich. Der bleaunen al tsjerklike bannen, en ek wie der oant yn de 19e ieu yn Ferwerderadiel noch in fear nei it eilân.
By de gemeentlike weryndieling fan 1984 kamen Jannum en it súdlike part fan Burdaard by Ferwerderadiel, wylst de súdwestlike útherne dêr't in part fan Aldelije yn lei nei Ljouwerteradiel gong.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 8.966
- 2004 - 9.008
- 2003 - 8.953
- 1988 - 9.098
- 1973 - 8.211
- 1971 - 7.998
- 1969 - 8.108
- 1964 - 8.349
- 1959 - 8.736
- 1954 - 9.063
- 1900 - 8.364
- 1860 - 8.120
- 1714 - 3.299