Amelânske Daam
De Amelânske Daam wie de daam dy't fan 1872 oant 1882 fan Holwert nei Bueren op it Amelân rûn.
Yn 1840 waard der útsteld in daam oan te lizzen fan it Amelân nei de fêste wâl. It Amelân waard troch de Slinke hast yn twaen brutsen, dat no wie it idee om lân te winnen op it waad, en dêrtroch de Waadsee swakker te meitsjen. Dat soe it gefaar foar it eilân dan keare. Lykwols is dy daam net oanlein, om't dy trije meter boppe heech wetter wêze moast om oan it doel te foldwaan.
Yn 1869 krige jonkhear P.J.W. Teding van Berkhout de opdracht om in oare daam oan te lizzen, om de ôfbroazeling oan 'e súdkant fan it eilân ta stean te bringen. Dêrta droegen it Ryk en de provinsje Fryslân elts 200.000 gûne by en waard de Maatskippij ta Lânoanwinning op it Fryske Waad oprjochte. Yn 1871 en 1872 waard oer de gearslach troch de maatskippij in daam oanlein. De daam rûn fan Holwert nei Bueren en hie in langte fan 8,7 km. Om't it doel wie lân oan te winnen waard de daam net breed boud; de kop wie net breder as 60 sm. Dêrby wie it in ebbedaam; by heech wetter stie der 50 sm wetter oer de daam.
De daam wie lykwols gjin sukses; in pear wiken letter sloech in stoarm al gatten yn de daam, en de daam moast troch de jierren faker reparearre wurde. De daam waard ek fersterke, mar nei de stoarmen fan de winter fan 1881/1882 besleat de maatskippij lykwols dat de trochgeande reparaasjes te djoer wienen, en joech er de see en wyn wer it frij spul. Parten fan de daam binne hieltyd noch sichtber. Ek is de feardaam fan Holwert boud op de ein fan de Amelânske Daam. Hjoed de dei leit de gearslach lykwols fierder nei it easten.
By de plannen ta ôfslúting fan de Waadsee út de fyftiger jierren fan de 20e ieu, waard ek rekken holden mei in daam nei it Amelân. Dy plannen binne lykwols net útfierd.