Boarkum
|
|||
Oerflak | 30,6 km² | ||
Tal ynwenners | 5.587 (1 juny 2005) | ||
Webstee | http://www.borkum.de/ |
Boarkum (offisjeel Dútsk: Borkum) is it westlikste Eastfryske waadeilân.
Boarkum is in part fan it Dútske distrikt (Landkreis) Leer.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ferfier
It eilân is mei de fearboat, fan Emden út, ferbûn mei it fêstelân, yn de simmer ek fan de Grinslânske Iemshaven út.
Fan de fearhaven, mei it buorskip Reede, nei it stedsje Boarkum leit de 7,2 km. lange spoarwei fan de Borkumer Kleinbahn.
[bewurkje seksje] Twa eilannen
Boarkum is ûntstean út twa eilannen, it Westlân en it Eastlân, dy't earst yn de 19e ieu hielendal ta ien eilân waarden. Op it eardere Eastlân leit noch de buorskip fan dy namme, op it Westlân leit de stêd Boarkum. Oan de westkant fan it eilân is safolle lân ferdwûn dat de stêd by heech wetter no mei in betonrâne út de see omheech komt. Oan de noardwestpunt is op it stuit in sânpunt dy't mei leech wetter droech falt en in tige grut strân foarmet.
[bewurkje seksje] Lizzing
Boarkum leit tusken de Westeriems en de Easteriems en tusken de Noardsee en de Waadsee. It folgjende eilân nei it súdwesten ta is Rottum yn Nederlân; it folgjende eilân nei it noardeasten ta is Júst.