Afrikaansk
Afrikaansk is in Westgermaanske taal, basearre op it Nederlânsk. It wurdt praat yn Súd-Afrika, benammen troch de wite befolking. De útspraak en grammatika fan it Afrikaansk is mear analytysk en simpeler as oare Germaanske talen. In protte talen hawwe it Afrikaansk beynfloede en it hat in soad unike wurden. Tsjintwurdich is Afrikaansk ien fan de 11 offisjele talen fan Súd-Afrika.
Afrikaansk is foar Frysk sprekkers maklik te learen.