Irak
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Irak is in lan yn Súdwest-Aazje. De haadstêd is Baghdad en de president fan de republyk is sûnt 2005 Jalal Talabani.
Irak wurdt begrinzge troch:
- Turkije yn it noarden;
- Iran yn it easten;
- Koeweit en de Persyske Golf yn it súdeasten;
- Saûdy-Araabje yn it súden;
- Jordaanje en Syrje yn it westen.
[bewurkje seksje] Geografy
It lân bestiet foar in grut part út woastyn en steppes, mar it gebiet tusken de twa grutte rivieren de Eufraat en de Tigris is fruchtber. De twa rivieren komme yn it noardwesten (Syrje) it lân binnen en trochkrúskje in grut part fan it lân om út te kommen yn de Persyske Golf. It noarden is berchêftich, mei as heechste punt de Haji Ibrahim op 3.600 meter.
Der is in woastynklimaat mei droege en hite simmers en mylde en koele winters. De temperaturen kinne simmers de 50°C helje. De measte delslach falt tusken desimber en april en dan benammen yn it noarden.