Frankfurt
Frankfurt is in stêd yn de provinsje Hessen, (Dútslân) en ek it haadplak fan de gemeente Frankfurt. De stêd is fierwei de grutste stêd fan Hessen mei sa'n 660.300 ynwenners (2006). Frankfurt is in studintestêd, mei de Johann-Wolfgang-von-Goethe-Universiteit. Tegearre hawwe dizze ynstituten mear as 36.000 studinten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Hannel en yndustry
De stêd is in belangryk hannelsplak.
Frankfurt is it finansjele sintrum fan Dútslân, de stêd is hjir troch wrâldferneamd. De stêd wurdt beskôge as de haadstêd fan'e dynamyske Rijn-Mainz regio, in regio dy't in top-lokaasje is foar bedriuwen yn Jeropa. It sintrale plak, mei in poerbêste ynfrastruktuur lykas it grutste fleanfjild fan it Jeropeeske kontinent, troch de konsintraasje fan ynternasjonale bedriuwen (dy't foar it grutste part hjir ek harren haadkertier ha) út ferskate sektoaren is Frankfurt ien fan'e ekonomyske toplokaasjes yn Jeropa.
[bewurkje seksje] Finansjeel
Frankfurt is boppe alles in ferneamde lokaasje wat sinteraasje oanbelanget. Haadkertieren fan'e trije grutste banken fan Dútslân binne fêstige yn it sintrum fan'e stêd Frankfurt. De Deutsche Bank stiet oan de Mainzer Landstraße. In pear strjitten fierder fine jo de Commerzbank toer, de grutste toer yn Frankfurt mei syn hichte fan mear as 300 meter.
Nuver is it haadkertier fan'e Dresdner Bank yn Frankfurt, dy't neffens har namme yn'e stêd Dresden heart te wêzen. It is no in part fan'e Allianz Bank yn Munchen. Frankfurt is ek de stêd fan de grutste Dútske bank Direct Bank, ING. Ferskeidene wichtige net publike banken binne ek fêstige yn Frankfurt, lykas Bankhaus Metzler en Aufhäuser, Delbrück Bethmann Maffei (heart by Nederlânske ABN Amro) en BHF-Bank.
By de grutste net-publike banken binne de DZ bank, de Deka, de Frankfurter Sparkasse, en Landesbank Hessen-Thüringen (HELABA). Fierders binne der noch 300 lytsere banken yn de stêd.
Mei de Frankfurt foarriedhannel en XETRA, hokker by de Deutsche Börse heart, hat Frankfurt de twadde grutste foarriedhannel yn Jeropa, en hja nimt it grutste hannel yn Dútslân foar har rekkening.
[bewurkje seksje] Elektroanyske kommunikaasje
Frankfurt is ek in wichtige lokaasje foar it ynternet yn Dútslân. Frankfurt hat it grutste ynternet wiksel plak, DE-CIX, wêr't domeinnammen fêstlein wurde foar it top-nifo-domein .de.
[bewurkje seksje] Sport
Frankfurt hat ferskate sportklubs, lykas
- Eintracht Frankfurt, fuotbal
- FSV Frankfurt, fuotbal
- Frankfurt Lions, iis hokky
- Deutsche Bank Skyliners — Basketball
- Frankfurt Galaxy, Amerikaansk fuotbal
[bewurkje seksje] Eksterne ferwizings
- WikiSatellyt fan Frankfurt by WikiMapia
- City's eigen hiemside
- Travel information for Jews — Yeckes.com — Jo Joadske ferwizing nei de stêd Frankfurt
- Kaartsje fan Frankfurt/Main
- Frankfurt City Panoramas — Panoramysk byld
- Architecture of Frankfurt — Eat oer gebouwen
- mear panoramas fan Frankfurt
- Bistetún fan Frankfurt (yn it Ingelsk)
- Altfrankfurt — Jout in idee fan Frankfurt wylens en nei de twadde wrâldkriich