Stêd
In stêd is in foarm fan bewenning dêr't in grut tal fan húzen tichtbyelkoar stiet en in grut tal fan mienskiplike foarsjennings beskikber is foar de eigen ynwenners en foar de ynwenners fan plakken yn de omkriten.
Yn de midsieuwen wie it skaaimerk fan in stêd de stêdrjochten, it rjoch ta in eigen bestjoer, ta in eigen wetjouwing en ta in eigen rjochtspraak. De measte stêden krigen dy rjochten, as ien stêdrjocht of by ienen, fan in de hear oer it gebiet. Foar Nederlân wie dy hear de Kening fan it Dútske Ryk, mar dy hie dat rjocht ek oan oaren jûn.
Stêden koenen lykwols ek oarrewei stêdrjochten krije. Fan plakken dy't út in eardere stêd groeid wienen, lykas fral yn Súd-Jeropa eardere Romeinske stêden, waard oannaam dat dy hieltiid noch stêd wienen en stêdrjoch hienen. En ek wie it mooglik dat in stêd ûntstie om't it lân deromhinne in plak as stêd beskôge. Dit is ûnder oaren yn Fryslân bard, dêr't de ynfload fan de kening net grut wie. Stêden hienen faak in stêdgrêft, stêdswâlen en stêdspoarten. Yn 1851 waard yn Nederlân it ferskil tusken stêden en oare ienheden yn de tredde laach fan bestjoer weimakke troch de Gemeentewet.
Oan de ein fan de 19e ieu begûnnen, njonken de stêd sels, ek de plakken yn de omkriten fan de stêd te groeien, en skaaimerken fan stêdsbebouwing oan te nimmen, wylst se foar de foarsjennings rjochte bleaunen op de stêd. Somtiden waarden dy part fan de stêd sels, somtiden waarden dy ta foarstêden. In foarstêd dy't meast eigen wurkgelegenheid en eigen foarsjennings had en hast allinich foar kulturele foarsjennigs op de oarspronklike stêd rjochte is, hjit in satellytstêd, wylst in foarstêd dy't hast allinnich mar troch op-en-del-reizgers bewenne wurdt in sliepstêd is.
Foar grutte stêden is yn de 20e ieu de gehiel fan stêd en foarstêden sa grut wurden dat it sintrum de ferkearsdrok net mear oan kin. Hjirtroch ferskoot de yndustry nei de bûtenkant fan de stêd. Ek de hannel ferskoot nei bûten, wylst yn de binnenstêd de klam op tjinstferliening en kultuer komt.