Dúnparlemoerflinter
Dúnparlemoerflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Argynnis niobe |
De Dúnparlemoerflinter (Argynnis niobe) is in soarte yn de ûnderfamylje fan de Heliconiinae (Nymhalidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De flinter hâldt fan droege skrale greiden. De flinter is mar op in pear plakjes yn Nederlân mear te finen: yn de dunen flakby Hillegom, op de Waadeilannen en, ien populaasje, op de Feluwe. De soart is honkfêst.
Op de reade list stiet de flinter as: bedrige.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is likernôch 23 oant 30 mm. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige fan wite plakken mei readbrune rânen.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan ein maaie ôf oant ein augustus. De Dúnparlemoerflinter fleant yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De rûp hat syn groeiperioade yn it foarjier en yn de foarsimmer. It aai oerwinteret op de grûn.
De rûp fret it Fjildfioeltsje en it Dúnfioeltsje.