Nederlân
|
Nederlân is in lân yn West-Jeropa, mei 16.300.000 ynwenners, en mei in oerflak fan 41.526 km² (wêrfan 7644.94 km² wetter). De haadstêd is Amsterdam en de keninginne fan de monargy is sûnt 1980 Beatrix.
Nederlân wurdt begrinzge troch:
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
[bewurkje seksje] Hichte
Nederlân is foarme as in rivierdelta, dy't it heechst is yn it súdeasten, en nei alle kanten omleech rint. It heechste punt is de Faalser Berch, mei 322 meter, it djipste punt leit yn de Súdplaspolder yn de gemeente Nijtsjerk oan de Isel, mei 6,76 meter ûnder Amsterdamsk peil.
Grutte parten fan it lân binne ferlêrn oan en weromwûn op de see. De helte fan it lân is dan ek net heger as in meter boppe seenivo, en in fearn fan it lân leit sels ûnder seenivo. Dat betsjut dat sûnder diken in fearn fan it lân normaal ûnder wetter stean soe, en mear as de helte by elts heech wetter oerspield wurde soe. Ien fan de Nederlânske provinsjes, Flevolân bestiet hielendal út polders, en leit kompleet ûnder seenivo. Utsein Limboarch hawwe alle oare provinsjes ek lytsere as gruttere stikken lân dy't ûnder seenivo lizze.
[bewurkje seksje] Eilannen
Grutte parten fan Nederlân kinne sjoen wurde as eilannen, om't rivieren en fearten der oan alle kanten omhinne rinne. Ek hawwe der tiiden west dêr't de see fierder ynkrongen wie en der dêrmei ek mear eilannen yn Nederlân wienen, dy't no wer lânfêst binne. Lykwols hat Nederlân ek no noch sân eilannen yn see: de waadeilannen Teksel, Flylân, Skylge, it Gryn, it Amelân, Skiermûntseach en Rottum.
Yn it súdwesten fan it lân binne de measte grutte eilannen no fia damen ferbûn, mar se wurde al noch as eilannen sjoen: Goeree-Oerflakkee, Skouwen-Duvelân, Noard-Bevelân, Súd-Bevelân en Walcheren. Tusken dizze grutte eilannen lizze lykwols ek noch in protte lytsere, net oandamme eilannen.
Yn de Marker Mar kinne de eilannen Pampus en Marken neamt wurde. Yn oare marren en op de rivieren is noch in grut tal oare eilannen te finen.
[bewurkje seksje] Rivieren
Trije Jeropeeske rivieren komme út it suden nei Nederlân, en rinne dêr nei it westen nei de Noardsee: de Ryn, de Maas en de Skelde. Nei alle gedachten is dizze rjochtingsferoaring ta stân kaam troch it iis dat ûnder de lêste iistiid healwei oer Nederlân lei. De Ryn en de Maas hawwe de râne fan it iis bylâns in mienskiplike delta foarme, mei de Waal/Merwede as de haadstream yn it midden. De Isel, in sydearm fan de Ryn dy't nei it noarden rint, is mooglik de rin fan de Ryn fan foar de iistiid.
[bewurkje seksje] Kaart
boarne: The World Factbook CIA
[bewurkje seksje] Gearwurking
Nederlân is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Provinsje - oersjoch fan Nederlânske provinsjes.