Flinters
De Flinters (Lepidoptera) is in skift yn de klasse fan de Ynsekten (Insecta). Nei de ûnderskiedende eigenskip hjit it skift ek wol Skobwjukkigen. It is in grut skift, dêr't oant no ta sa'n 160.000 soarten fan beskreaun binne yn sa'n 130 famyljes, mei de ferwachting dat der noch mear binne.
It libben fan in flinter is hiel bysûnder. De flinter feroaret fan in ûneachlik aaike nei in rûp, fan in rûp nei in pop en fan in pop nei in flinter. Guon flinters hawwe prachtige patroanen, dat makket it dat it flinter-spotten in hobby is foar in soad minsken.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Klassifikaasje
Guon famyljes yn it skift binne:
- Klasse Ynsekten (Insecta)
- Skift Flinters (Lepidoptera)
- Famylje Aureliaflinters (Nymphalidae)
- Famylje Wytflinters (Pieridae)
- Famylje Groukopflinters (Hesperiidae)
- Famylje Reachwjukflinters (Lycaenidae)
- Famylje Paazjes (Pailionidae)
- Skift Flinters (Lepidoptera)
[bewurkje seksje] Dei en nachtflinters.
Faak wurdt der in ûnderskied makke tusken deiflinters en nachtflinters. Mar fanút de taksonomy mei dat net. Der binne nammentlik dei-aktive nachtflinters en flinters dy't allinnich yn it skimer fleane. Faak wurde nachtflinters wol yn aparte famyljes pleatst.
It ûnderskied tusken dei- en nachtflinters wurdt basearre op uterlike skaaimerken. Dy ferskillen binne maklik wer te kennen.
Deiflinters hawwe tine fielers mei in ferdikke knopke oan de útein. Deiflinters teare harren wjukken rjocht boppe it lichem út. De útsûndering dêrop binne de Groukopflinters. De fjouwer wjukken kinne ûnôfhinklik fanelkoar bewege. Deiflinters hawwe oer it algemien felle kleuren. Faak binne de kleuren oan de binnenkant fan de wjukken te sjen. Oan de bûtenkant fan de wjukken sitte faak skutkleuren.
Nachtflinters hawwe ferskillende soarten teisters. Sa komme bygelyks fearfoarmige teisters foar mar ek boarstelige teisters. De wjukken binne mei elkoar ferbûn wêrtroch't se net ûnôfhinklik fan elkoar bewege kinne. Nachtflinters hawwe oer it algemien skutkleuren. Dat jildt net foar alle soarten lykas de dei-aktive nachtflinters.
[bewurkje seksje] De Fjouwer ferskillende stadia yn it libben fan in flinter.
- Aai
- Rûp
- Pop (chrysalis)
- Flinter (imago)
[bewurkje seksje] Aai.
Flinteraaien hawwe in skaal. Dy skaal bestiet út in lyts laachje mei waaks. De waaks foarkomt dat it aaike útdroeget. Elts aai hat hiele lytse gatsjes. It doel fan dy gatsjes is om it sperma de kâns te jaan om yn it aaike te kommen en it aaike te befruchtsjen. Aaikes fan flinters kinne der hiel ferskillend útsjen. Mar oer it algemien binne de aaikes langwerpich, rûn of ovaal. Soms hawwe aaikes felle kleuren. Dy felle kleuren warskôgje oare flinters om net op deselde weardplant aaikes te lizzen omdat oars de konkurrinsje te grut wurdt. Guon soarten lizze de aaikes ien foar ien. Mar der binne ek soarten dy't grutte oantallen aaikes lizze. Flinters lizze de aaikes meast op in plant dêr't de rûp fan frette kin. Ôfhinklik fan de temperatuer ûntwikkelt it embryo him yn ien oant trije wiken. Dêrnei fret it rûpke him út it aai om ferfolgens te iten fan de waerdplant.
Flinters brûke in soarte fan lym om de aaikes fêst te plakken op in blêd of stâle. De lym droeget tige fluch. Wat de gearstalling fan de lym krekt is, is ûnbekend. De rûp brûkt deselde lym by it ferpopkjen.
[bewurkje seksje] De Rûp.
In rûp is in echte yt-masine. Se ite sa folle mooglik blêden en blommen fan harren waardplant. In rûp is allinnich mar dwaande om te iten of om iten te sykjen. In rûp groeit fan it iten. Dêrtroch moat in rûp likernôch fiif of seis kear ferfelje. Se groeie letterlik út harren fel. De perioades tusken it ferfeljen wurde ynstart neamd. Rûpen binne der yn ferskillende soarten en maten. Der binne hiele lytsen dy't gongen meitsje yn de blêden. Mar der binne ek rûpen dy't wol 10 sm grut wurde kinne. Rûpen hawwe in gefaarlik libben. In rûp hat in soad fijannen. Lykas fûgels, mûzen, reptilen, en amfibyen, oare ynsekten en soms frette se elkoar op. Guon skaaien hawwe in ferdigening tsjin al dy fijannen. Se hawwe hierren dy't brânwûnen jouwe by oanreitsjen. Der binne ek soarten dy in stank ûntwikkelje kinne lykas de swellesturtflinter. Ek binne der giftige soarten.
Guon rûpen libje yn nêsten. Dy nêsten meitsje se yn planten en wurde as beskerming bedutsen mei spinsel. In rûp wurdt úteinlik in flinter. Mar der is dan noch neat te sjen fan de wjukken. Mar as jo in folwoeksen rûp in hiele lytse partsjes snije soene dan sjogge jo it begjin fan in wjuk.
[bewurkje seksje] Pop.
As de rûp folwoeksen is dan giet se ferpopkjen. De rûp spint meastal in kokon om har hinne. Krûpt dan út syn lêste rûpehûd wêrnei't de poppehûd oerbliuwt. De pop hinget oan in trie of heakje op in beskut plakje. Poppen hawwe faak in skutkleur. Se kinne har net bewege en moatte dêrom opgean yn de natuer. Guon skaaien lykje op deade blêden, of toarns of tûkjes. By flinters kin it popstadium acht dagen duorje mar ek wol fjouwer jier. Guon flinters bliuwe yn de pop sitten krekt sa lang oant de omstannichheden foar de flinter goed binne. As de flinter út de pop komt dan binne de wjukken nog opteard, sêft en ferfrommele. De flinter pompet de wjukken op troch se te bewegen. Dêrnei kin de flinter de wide wrâld yn fleane.
[bewurkje seksje] Imago.
De folwoeksen flinter kin hiele moaie úterlike kenmerken hawwe. Prachtige kleuren of just skutkleuren. Sommige skaaien hawwe felle kleuren om fijannen skrikke te litte. De Deipauëach hat bygelyks in stel eagen op de wjukken sitten. Dizze eagen dogge tinken oan in grut bist. In fûgel sil dêrtroch net gau dizze flinter pakke. Se binne bang dat se sels opfretten wurde. Flinters wurde faak sammele. Rûpen kinne jo allinnich bewarje yn konservearringsmiddels mar in folwoeksen flinter kinne jo jierren bewarje. Salang as't jo mar net oan de wjukken sitte bliuwe de flinters like moai as libbene flinters.
[bewurkje seksje] De flinter besjoen fanút oare kultueren
In Sina miene de minsken dat in flinter in persoanifikaasje is fan ien syn siele. Yn Japan hawwe se as bygeloof dat as't der in flinter binnenkomt yn 'e hús en efter in bamboe skerm sitten giet, der in persoan dêr't jo in soad fan hâlde nei jo ta komt. Mar se leauwe ek dat grutte groepen mei flinters ûngelok bringe. Doe't Taire no Masakad yn it geheim in revolúsje oan it tarieden wie, kaam der krekt in grutte groep mei flinters lâns yn Kyoto. De minsken waarden der bang fan. Se tochten dat de flinters foarseinen dat der in grut kwea oan siet te kommen.
[bewurkje seksje] Gallery foarbylden fan flinters
Famylje Nymphalidae- de Aureliaflinters
Famylje Pieridae- de Wytflinters
'Famylje Hesperiidae- de Groukopflinters'
Famylje(Lycaenidae) Reachwjukflinters
Famylje (Pailionidae) Paazjes