Urksk
|
It Urksk, inkeld ek wol Urkersk neamd, is it Nedersaksyske dialekt dat sprutsen wurdt op it eardere eilân Urk, yn 'e provinsje Flevolân, dat sûnt 1942 ta de Noardeastpolder heart. It wurdt sprutsen troch likernôch 15.000 minsken en is fierwei it fitaalste fan 'e tweintich Nedersaksyske dialekten yn Nederlân, mei't Urk in hechte (strang kristlike) mienskip is mei mar in hiel lyts bytsje ymmigraasje. Sadwaande wurdt it troch frijwol elkenien (likernôch 97% fan 'e befolking) op Urk noch sprutsen.
It Urksk wurdt op Urk en ek troch Urkers om utens yn in grut ferskaat fan (ynformele) sitewaasjes sprutsen. Sûnt 'e Twadde Wrâldoarloch wurdt it ek geregeldwei brûkt as skriuwtaal. Hoewol't der ferskate bibelfragminten yn it Urksk oerset binne, wurdt der yn it otterdoks-kristlike fiskersdoarp fan ôfsjoen om it yn 'e tsjerke te brûken, mei't in protte Urkers dat as hillichskeining beskôgje soenen.
[bewurkje seksje] Klassifikaasje fan it Urksk
Hoewol't it Urksk mei it Sallânsk en it Efterhoeksk ta de Geldersk-Oeriselske dialektgroep fan it Nedersaksysk heart, hat it him troch syn geografyske lokaasje op in eilân troch de ieuwen hinne ûntjûn ta in unike taalfoarm, dy't nochal wat ôfwykt fan 'e Nedersaksyske dialekten op it fêstelân. Yn it ferline hat dat wol ta ûnienichheid ûnder taalkundigen laat om't guon fan miening wienen dat it Urksk in Hollânsk dialekt mei Nedersaksyske ynfloeden wie, wylst oaren leauden dat dat krekt oarsom wie. Ek wienen der taalkundigen dy't it Urksk en guon dialekten fan Hollânske fiskersstedsjes byinoar yndielden yn in ôfsûnderlike groep, dy't it 'Suderseesk' neamd waard. Yn 'e jierren tweintich fan 'e tweintichste ieu kaam de taalkundige G.G. Kloeke nei jierren fan taalûndersyk lykwols ta de konklúzje dat it Urksk in Nedersaksysk dialekt wie, dat krekt as it Westfeluwsk in oergongsposysje ynnimt tusken it Nederlânsk en it Nedersaksysk. Yn grutte halen wurdt syn teory noch altyd as stekhâldend beskôge.
[bewurkje seksje] Nedersaksyske en Hollânske Eleminten
Nedersaksyske eleminten yn it Urksk omfetsje bygelyks it foarheaksel "e-" by mulwurden, yn stee fan it Nederlânske "ge-". Ferlykje it mulwurd "wurke": Urksk "ewarekt" (Urksk), "gewerkt" (Nederlânsk).
De ynfloed fan 'e Hollânske dialekten kin weromfûn wurde yn bygelyks it ienheidsmeartal op "-en" ("wiej wareken"-"wy wurkje") yn stee fan op "-t", lykas yn 'e measte oare Nedersaksyske dialekten (dus dan hie it west: "wiej warekt").
[bewurkje seksje] Klanklear
It Urksk makket gebrûk fan mear klanken as it Nederlânsk. Sa komt, krekt as yn it Frysk, yn it Urksk njonken de "i" (stavere as "ie") ek de "ii" (stavere as "iê") foar. Ferlykje "kiek" ("sjoch") en "kiêk" ("seach").
In oar ferskynsel dat yn it Urksk foarkomt, is it falle litten fan 'e "h". Nei gedachten is dat yn 'e achttjinde ieu oernommen út it Sallânsk dat yn Swol sprutsen waard.
Yn in protte wurden dêr't yn it Nederlânsk de klanken "ij" en "ui" yn foarkomme en yn 'e measte oare Nedersaksyske dialekten de klanken "ie" ("i") en "uu" ("ú"), hat it Urksk "ee" en "eu". Dat komt om't it Hollânsk, dat oarspronklik ek "ie" en "uu" hie, yn 'e sechstjinde ieu de "ij" en de "ui" út it Brabânsk begûn oer te nimmen. De "ee" en de "eu" wienen yn dat proses oergongsfoarmen, dy't troch it Urksk blykber út it sechstjinde- of iere santjinde-ieuske Hollânsk oernommen binne.