Westgermaansk
Westgermaansk is de taal dêr't alle Westgermaanske talen út fuortkaam wêze koenen. At der wier sa'n taal west hat is lykwols net wis.
De Westgermaanske talen ûntstienen by it útinoarfallen fan de taalienheid fan 'e Noard- en Westgermaanske folken. Earder waard dit troch taalkundigen datearre op de ein fan it Miengermaansk, yn de 1e ieu, mei dêrfoar troch de hiele Miengermaanske perioade ek al in Westgermaansk dialekt. Op it stuit wurdt mear útgean fan it oandoarje fan in Noard- en Westgermaanske taalienheid oant yn de 5e ieu, in aparte Westgermaanske taalkloft ûntstie.
By dy tiidyndieling is der lykwols mar in koarte tiid foar it untstean fan de aparte Westgermaanske talen, dy't al út de 8e ieu oerlevere binne, dat mûglik hawwe de ferskate Westgermaanske talen dialekten west dy troch de hystoarysle ûntwikkelings tagelyk ta talen waarden, sûnder dat der ea in Westgermaansk west hast, oars as in dialekt binnen it Germaansk.