Sulvermiuw
Sulvermiuw | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Larus argentatus |
De Sulvermiuw (Larus argentatus) is in fûgel út de famylje Seefûgels (Laridae), út it skaai Larus (Echte miuwen). It is ien fan de algemienste fûgels yn Fryslân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Sulvermiuw komt foaral oan de Jeropeeske kusten foar; fierders is se ek te finen oan de kusten fan Noard-Amerika en hieltyd faker yn it binnelân. Yn Nederlân binne der tusken 62.000 en 67.000 briedpearen. Dat oantal hat de lêste hûndert jier net konstant west: oant de Twadde Wrâldkriich naam it tal sulvermiuwen ta, dêrnei naam it ôf troch de aaierôf en de jacht. De lêste desennia waard de fûgel beskerme en waakste yn tal. De fûgel kolonisearre it binnelân mar moast yn it dúngebiet terrein priisjaan oan de foks, dy't dêr op'en nij yntrodusearre waard.
[bewurkje seksje] Foarkommen
De sulvermiuw is 55 oant 66 sentimeter grut en hat in wjukspanwiidte fan likernôch 145 sintimeter; it mantsje is wat grutter as it wyfke. It dek is wyt, mei in grize mantel en boppewjukken en swarte wjukeinen. De kleur fan de poaten fariearret fan griengiel oant readeftich; de ûndersoarten yn ús streken hawwe rôze poaten. Underop syn hurdgiele snaffel hat er in karakteristyk read plak. De eagen binne giel mei in swarte pupil en in read rântsje. It winterkleed ferskilt allinnich dêryn fan it simmerkleed dat dêr in pear reade ljochtgrize streken oer kop, nekke en boarst rinne.
De sulvermiuw hat yn syn libben net minder as fjouwer ferskillende ferskiningsfoarmen. As jong hat er brune fearren en swarte eagen.
[bewurkje seksje] Ferskillen mei oare miuwesoarten
- Fan de ûnwaarsfûgel ferskilt de sulvermiuw troch lytsere ôfmjittings, de folslein swarte eagen en de alhiel giele snaffel. Globaal sjoen hat de ûnwaarsfûgel in freonliker foarkommen as de sulvermiuw.
- Fan de gielpoatsulvermiuw ferskilt de fûgel troch de rôze poaten, al binne der oan de Baltyske kusten ek ûndersoarten mei giele poaten. Fierdere ferskillen binne tige subtyl.
- Fan de kob ferskilt se troch de wite, net swarte kop. Yn'e winter ferliest de kob syn karakteristike tekening en binne de fûgels net sa maklik útinoar te hâlden, de kob is wol in slach lytser.
- Fan de lytse en grutte iismiuw ferskilt de sulvermiuw troch it hawwen fan swarte wjukeinen.
[bewurkje seksje] Gedrach en fuortplanting
De sulvermiuw libbet oer it algemien yn grutte groepen. Se briede yn koloanjes en lûke faak ek mei mear eksemplaren nei it binnelân. Sulvermiuwen binne echte stânfûgels, dy't har goed oan lege temperatueren oanpasse kinne. Se pearje al yn in beheinder gebiet as wêr't se foerazjearje; yn de peartiid fynt men folle minder fûgels yn it binnelân en folle mear oan de kust.
De sulvermiuw docht der tusken fjouwer en sân jier oer ôm geslachtsryp te wurden. Hja briede yn grutte koloanjes, meast by see, en lizze gewoanlik trije aaien yn in nêst dat op de grûn makke wurdt. Sa'n nêst is maklik te finen foar rôfdieren.
[bewurkje seksje] Iten
Sulvermiuwen binne allesiters, dy't fan natuere dochs foaral skulpdieren en lytse fisken ite. Ek wjirms en jonge fûgels steane op it menu. Yn it binnelân ite se noch in soad oare dieren; boppedat ite se noch minsklik ôffal lykas patat en klokhuzen.