Ebooks, Audobooks and Classical Music from Liber Liber
a b c d e f g h i j k l m n o p q r s t u v w x y z





Web - Amazon

We provide Linux to the World


We support WINRAR [What is this] - [Download .exe file(s) for Windows]

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
SITEMAP
Audiobooks by Valerio Di Stefano: Single Download - Complete Download [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Alphabetical Download  [TAR] [WIM] [ZIP] [RAR] - Download Instructions

Make a donation: IBAN: IT36M0708677020000000008016 - BIC/SWIFT:  ICRAITRRU60 - VALERIO DI STEFANO or
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Twadde Wrâldkriich - Wikipedy

Twadde Wrâldkriich

De Twadde Wrâldkriich, dy't duorre fan 1939 oant 1945, wurdt sa neamd omdat it de twadde oarloch wie dêr't lannen fan sawat alle kontininten by belutsen wiene. Sawol de earste as de twadde wrâldkriich wiene oarloggen fan in skealje dy syn fergeliking net hat. Yn de 2e wrâldkriich lieten sa'n 55 miljoen minksen it libben. De massamoard op 6 miljoen joaden, meast de holokaust neamd, troch Adolf Hitler initiearre en troch Himmler en oaren organisearre, is foar in soad minksen in ûnferjitlik trauma bleaun.

It haadstriidtoaniel wie Jeropa mar ek Aazje waard bot troffen. De oarloch wreide him út nei de wrâldseeën. Trije agressors, Dútslân, Itaalje en Japan, foarmen in pakt. De lannen dy't meiïnoar de tsjinoanfal ynsetten wienen Frankryk en Grut-Brittanje mei oare lannen fan it Britske Steatebûn. Sy foarmen in gearwurkingsferbân, stipe troch de measte besette gebieten, dat nei anology mei de Earste Wrâldkriich de Alliearden neamd waard. Letter kamen hjir Ruslân en de Feriene Steaten noch by.

Foar Nederlân duorre dizze oarloch fan 10 maaie 1940 oant 5 maaie 1945.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Jeropa

Twa lannen mei in Faksistysk regear, Dútslân en Itaalje, stribben nei 1935 nei gebietsútwreiding. Beide lânnen fierden fanwege har ideologyen in tige aggresive bûtenlânse polityk. Om't de oare lannen fan Jeropa in hege priis betelje woenen foar frede slagge it Itaalje om Etioopje en Albaanje, en Dútslân om Eastenryk en Tsjechoslowakije yn te nimmen. Mar doe't Dútslân Poalen binnenfoel ferklearren Frankryk en Grut-Brittanje Dútslân de oarloch.

Dútslân en Itaalje oerweldigen Denemark, Noarwegen, Belgje, Nederlân, Luksemboarch, Frankryk, Jûgoslaavje en Grikelân, en krigen Hongarije, Bulgarije en Roemeenje ta bûnsgenoaten. De lêste aggressor wie Ruslân dat ek Poalen binnenfoel, Estlân, Letlân en Litouwen oerweldige en parten fan Finlân en Roemeenje ynnaam. Sweden en Switserlân bleaunen frij, mar joegen al stipe oan Dútslân, lykas Turkije. Dútslân en Itaalje oerweldigen ek koloanjes fan harren tsjinstanners yn Noard-Afrika.

Yn 1941 foel Dútslân Ruslân oan, dat dêrmei oan de kant fan Grut-Brittanje kaam. Yn 1942 waard dúdlik dat Dútslân Ruslân net oerweldigje koe, mar dochs ferklearre Dútslân ek de Feriene Steaten fan Amearika de oarloch, dyt dêrmei part fan de Alliearden waarden. Yn 1943 waarden de koloanjes yn Afrika befrijd en Itaalje oerweldige. Yn 1944 oerweldige Ruslân Finlân, Bulgarije en Roemeenje, en befrijde Hongarije, wylst Jûgoslaavje himsels befrijde. Turkije begûn gear te wurkjen mei de Alliearden. Troch twa ynfaasjes yn Frankryk waarden ek Frankryk en Belgje befrijd. Yn 1945 waarden de oare lannen befrijd en Dútslân ferslein.

[bewurkje seksje] Aazje

Nei it iepenbrekken fan Japan yn de 19e ieu ûntwikkele dat lân him yn it easten fan Aazje ta in grutmacht. Mar it moast hieltiid noch akseptearje dat de Westerske grutmachten Aazje oerhearsken. Yn 1931 naam Japan Mantsjoerije yn en nei fierdere Japanske aksjes kaam it yn 1937 ta in net-ferklearre oarloch tusken Japan en Sina. Yn 1940 seiden de FS harren hannelsferdrach mei Japan op, en Japan fûn nije bûngenoaten yn Dútslân en Itaalje. Yn 1942 hie Japan de oermacht op see, en ferdreau de Westerske machten út East- en Súdeast-Aazje.

It offensyf om ek Austraalje te oerweldigjen slagge lykwols net, en de FS, dy't ein 1941 troch Japan oanfallen wienen, hienen yn 1943 sa'n macht opboud dat hja de oerhân op see krigen. Yn 1944 waard dit oerwicht folslein en waarden de eilannen yn de Stille Oseaan befrijd. Yn 1945 waarden de oare besette gebieten befrijd troch Japan ta oerjefte te twingen.

[bewurkje seksje] Aard

Mei de Twadde Wrâldkriich wie de ûntwikling dy't begûn wie troch Napoleon folslein wurden. Net langer waard der besocht in leger fan de tsjinstanner út te skeakeljen; yn stee dêrfan waard besocht gebiet yn te nimmen, mei alle middels dy't nedich wienen. Gefolgen hjirfan wienen in langduorjende besetting, de oerhearsking, en it ferset, fan de oarspronklike befolkingen, en in gefjocht dat yn elts doarp, en somtiden elts hûs, útfjochten waard. Ek de ein fan de oarloch wie hjir in demonstraasje fan. De Feriene Steaten bombardearren Hirosjima en Nagasaki yn Japan, net om't de tsjinstanner dêr legere wie, mar allinnich om sa folle skea oan te rjochtsjen dat Japan kapitulearje soe.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Our "Network":

Project Gutenberg
https://gutenberg.classicistranieri.com

Encyclopaedia Britannica 1911
https://encyclopaediabritannica.classicistranieri.com

Librivox Audiobooks
https://librivox.classicistranieri.com

Linux Distributions
https://old.classicistranieri.com

Magnatune (MP3 Music)
https://magnatune.classicistranieri.com

Static Wikipedia (June 2008)
https://wikipedia.classicistranieri.com

Static Wikipedia (March 2008)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com/mar2008/

Static Wikipedia (2007)
https://wikipedia2007.classicistranieri.com

Static Wikipedia (2006)
https://wikipedia2006.classicistranieri.com

Liber Liber
https://liberliber.classicistranieri.com

ZIM Files for Kiwix
https://zim.classicistranieri.com


Other Websites:

Bach - Goldberg Variations
https://www.goldbergvariations.org

Lazarillo de Tormes
https://www.lazarillodetormes.org

Madame Bovary
https://www.madamebovary.org

Il Fu Mattia Pascal
https://www.mattiapascal.it

The Voice in the Desert
https://www.thevoiceinthedesert.org

Confessione d'un amore fascista
https://www.amorefascista.it

Malinverno
https://www.malinverno.org

Debito formativo
https://www.debitoformativo.it

Adina Spire
https://www.adinaspire.com