- Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions Polyteisme - Wikipedy

Polyteisme

Polytesme, meargoaderij, is in foarm fan godstsjinst dy’t yn it ferline in tige grutte fersprieding hân hat en dy’t ek hjoed de dei noch in protte foarkomt, bygelyks yn in grut part fan it Hindoeïsme, yn it Sjintoïsme en yn in protte Natoerreligys.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Oarsprong

Polyteisme komt nei alle gedachten fuort út in gefoel dat de measte primitive folken gemien hawwe, dat se omjûn wurde troch in ûnsichtbere wrâld fan boppenatuerlike krêften. By guon folken waarden en wurde dy krêften net ta ûnderskate geasten of goaden transformearre, mar earder ûnderfûn as in mysterieuze, ûnpersoanlike oanwêzichheid, ek wol beskreaun as in soarte fan elektrisiteit of radio-aktiviteit. Oare folken fielden deselde oanwêzichheid, mar dielden dy op yn in tal dúdlik faninoar skate godlike machten, sadat der in primityf polyteisme ûntstie. Sa leauden de âlde Arabieren bygelyks dat harren lân befolke waard troch ornaris ûnsichtbere, mar dochs ta ynteraksje mei minsken by steat wêzende geasten, de dzjin.

[bewurkje seksje] Foarstelling fan goaden

De ferskillende goaden dy’t by in mear ûntwikkele polyteisme fereare wurde, kinne saneamde numina (inkeltal numen) wêze, abstrakte godlike machten dy’t net personifiarre wurde. Mar folle mear komt it foar dat se foarsteld wurde mei antropomorfe, dus minskeftige, karaktereigenskippen en it stal oannimme fan in minske of in bist, of fan in kombinaasje fan dy beide. Foarbylden fan dat lêste binne de bekende en yn Yndia tige populêre hindoeïstyske god Ganesha, dy’t ôfbylde wurdt as in man mei in oaljefantekop, en de Egyptyske god Horus, dy’t ôfbylde waard as in man mei in falkekop. De klassike foarm fan it polyteisme kin fûn wurde by in grut tal âlde beskavings:

  • By frijwol alle beskavings fan it Heine Easten: by de Soemearjers, Egyptners, Babyloanjers, Assyrjers, Elamiten, Kanaäniten, Hettiten, Hoerriten, Fenysjers, Oerarteeërs, Meden, Perzen, Kartagers en Arabieren.
  • By frijwol alle beskavings fan Jeropa: by de Griken, Traasjers, Etrusken, Romeinen, Kelten, Germanen en Skyten.
  • Yn it Yndia út ’e tiid fan ’e Veda’s.
  • By guon Middenamerikaanske beskavings, lykas de Tolteken, Maya’s en Azteken.

[bewurkje seksje] Oardering fan ’e panteons

Oarspronklik wienen de polyteistyske leauwenssystemen sûnder oarder en wienen de goaden boppedat gelyk oaninoar. Troch de ieuwen hinne lykwols, waard dêr yn alle boppeneamde kultueren op trije ûnderskate manearen feroaring yn brocht.

Yn it earste plak ûntjoech de godtsjinst him ta henoteisme, dêr't ien god de status fan oergod hat. Yn frijwol alle gefallen kaam dizze posysje ta oan in manlike of androgyne god; it ienige bekende foarkommen fan in oergoadinne wie de goadinne Pinnenkir, dy’t ieuwenlang de oergoadinne fan it Elamityske panteon wie. De oergods is eins nea de earste god; ornaris moast er de striid oangean om ien of mear eardere generaasjes goaden te ferslaan of te deadzjen, foar’t er syn posysje ynnimme koe. Sa moast Marduk yn it Babyloanyske epyske gedicht Enuma Elisj (“Doe Dêrboppe”) earst de oerskepsels Tiamat, Apsu en Mummu deadzje en moast Zeus yn ’e Grykske mytology earst de titanen, de generaasje fan syn heit Kronos, de god fan ’e tiid, ferslaan en ferbalje. Op ’en doer kamen de measte oergoaden trouwens te fier fan ’e minsken ôf te stean en namen se inselde posysje yn as de Himelgod.

Yn it twadde plak waarden der troch mytefoarming famyljebannen tusken de goaden lein. It Grykske panteon is dêr in goed foarbyld fan. Zeus, de oergod, wie troud mei syn eigen suster Hera, de goadinne fan it houlik, dy’t allegeduerigen troch him bedragen waard. Poseidon, de god fan ’e see, Hades, de god fan ’e ûnderwrâld, en Aeolos, de god fan ’e winen, wienen jongere bruorren fan Zeus. Zeus hie by Hera twa soannen, de kreupele Hefaistos, god fan it fjoer en de metaalbewurking, en de kriichshaftige Ares, god fan ’e oarloch, mar hy hie fierders noch in grut tal bern by oare froulju, wat famyljebannen joech oan in grut tal goaden en helden.

En yn it trêde plak waarden goaden faak ûnderferdield yn trije-, sân- of njoggentallen, dy’t fanwegen harren nûmerike hillichheid metafoaren foarmen foar it hiele panteon. Yn ’e Grykske mytology wienen der bygelyks trije wraakgoadinnen, sân Plejaden en njoggen muzen. In oar foarbyld fan dizze opdieling yn hillige nûmers foarmje de tritsen fan ’e wichtichste goaden fan it panteon, dy’t by in soad polyteistyske religys foarkamen. Sa bestie by de Romeinen oarspronklik de trits fan Jupiter, de oergod, Mars, de god fan ’e oarloch, en Quirinius, de god fan iten en beskerming. By de Germanen bestie de trits út Odin/Woadan, de oergod, Thor/Doanar, de god fan ’e tonger, en Tyr/Tiuw, de god fan ’e oarloch. Ek de Kelten hienen in trits, dy’t bestie út Teutases, de oergod, Esus, de god fan ’e oarloch, en Taranis, de god fan ’e tonger.

Yn it sa ûntstiene, oardere, henoteistyske panteon mei de oergod oan it haad, belichemje de oare goaden ornaris de ferskillende fasetten fan it libben, lykas emoasjes, natoerkrêften en beroppen. Benammen by de Jeropeeske foarmen fan it polyteisme, dy’t inoar oer en wer sterk beynfloeden hawwe, kinne sokke goaden mei-inoar identifisearre wurde. Sa hawwe de Gryken, de Romeinen, de Germane en de Kelten allegear in god fan de oarloch.

[bewurkje seksje] Monolatry

Dizze organisaasje fan ’e panteons wurke de opkomst fan de monolatry yn ’e hân, it útslutende tsjinjen fan ien beskate god as dejinge dêr’t men op betrout, wylst men it bestean fan in grut tal oare goaden net ûntkent. Sa kaam it bygelyks foar dat Grykske keaplju útslutend Hermes en Grykske seelju útslutend Poseidon, harren beskermgoaden, tsjinnen, hoewol’t se net ûntkenden dat Zeus, Hera en alle oare goaden fan it panteon ek bestienen. Fierders wurke ek it bestean fan pleatsbûne, lokale, mindere goaden, lykas rivier- en berchgoaden, mei oan ’e opkomst fan monolatry.

[bewurkje seksje] Relaasjes tusken goaden en minsken

Polyteisme yn al syn foarmen wurdt frijwol altyd karakterisearre troch in holistysk wrâldbyld, wat ynhâldt dat men leaut dat alle dingen, ek de goaden, fan ’e selde matearje makke binne. Der hoecht dêrom gjin ôfstân te wêzen tusken minske en god, lykas dy der yn ’e kristlike tradysje al is; de goaden steane allinne in pear triemmen heger as de minsken, mar wol op deselde ljedder. Dêrby komt noch dat yn polyteistyske godstsjinsten de goaden almeast net as almachtich beskôge wurde, mar folle earder as bleatsteld oan deselde natoerwetten as de minsken.

Sadwaande fûn men, yn elts gefal yn ’e Aldheid, epifanyen, godlike ferskinings, frij normaal; as goaden nammentlik net wêzentlik fan minsken ferskilden, koe men har gewaarwurde sûnder der in protte opskuor oer te meitsjen. Men leaude dan ek dat de wrâld fol goaden wie; men koe harren by wize fan sprekken sa op ’e dyk tsjinkomme yn ’e persoan fan in ûnbekende. Dat idee is ek werom te finen yn it Bibelske ferhaal Hannelings fan ’e Apostels 14:8-19, oer de apostels Paulus en Barnabas dy't yn ’e Lytsaziatyske stêd Lystra oansjoen wurde foar de goaden Zeus en Hermes.

[bewurkje seksje] Relaasjes tusken polyteistyske religys

De panteons binne, útsein de oardering, ûnbeheind, wat betsjut dat der altyd wol romte is foar noch in god of goadinne. Fan dy opfetting út namen de stifters fan ’e grutte riken fan ’e Aldheid dan ek de goaden fan ’e troch harren oerwûne folken op yn har eigen mytology. Sa namen de Romeinen de god Apollo mei namme en al oer fan ’e Griken. Ek ferienigen se yn Juno, dy’t troud wie mei Jupiter, mar dy’t yn ’e oarspronklike Romeinske mytology net foarkaam, trekken fan ’e Grykske goadinne Hera en de Etruskyske goadinne Uni. Sels de moannegoadinne Diana fan Nemi, de beskermfrouwe fan ûntsnapte en flechte slaven, dêr’t de Romeinske elite dus dúdlik neat mei op hie, koe sûnder swierrichheden har plak yn it panteon ynnimme.

Oare goaden begûnen út harsels “te swalkjen”, sûnder dat der politike machtsferskowings oan te pas kamen. De Grykske god Dionysos, fan wyn, dronkenskip en ekstaze, bygelyks, wie nei alle gedachten fan Trasyske oarsprong, hoewol’t er neffens de myte in soan fan Zeus en de Tebaanske prinsesse Semele wie. En de Frygyske god Sabazes of Sabazius rekke yn ’e fjirde ieu f.Kr. sels bekend yn Afrika, dêr’t er, nei alle gedachten troch identifikaasje mei de Semityske god Baäl, de posysje fan Himelgod berikte.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • H. Smith, De religies van de wereld, Utert, 1999.

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu