Batûm
De Geörgjyske havenstêd Batûm (Geörgysk: ბათუმი, ek wol Batumi) leit oan de Swarte See. It is de haadstêd fan de Autonoame Republyk Adzjaarje, dy't yn it sûdwesten fan Geörgje leit. De 137.000 ynwenners fertsjinje harren jild yn de oalje-yndustry, skipsbou, agro-yndustry, lichte yndustry en toerisme.
Yn de Aldhyd stiften de Griken de koloanje Batis. Sûnt de 11de ieu bekind om syn ferterkings en sûnt de midsieuen part fan Geörgje. Foardat de stêd yn 1878 yn Russyske hannen kaam, hearde it sûnt de sechtiende ieu by it Ottomaanske ryk. Om dizze reden binne de measte ynwenners fan Batûm en Adzjaarje islamitysk. Dit yn tsjinstelling ta de measte oare ynwenners fan Geörgje, dy't kristlik binne. Yn de tiid fan Stalin waard de moslimbefolking ûnderdrukt. Josef Stalin sels wenne yn 1901 in skoftsje yn de havenstêd om stakings te organisearjen. It Stalin-museum werinneret noch oan dizze tiid.
Batûm leit yn in regio mei in subtropysk klimaat, en is om dy reden útfierhaven fan sitrusfruchten, tee, tabak en haselnuten. De stêd is it einpunt fan de Transkaukasyske spoarline en fan de Bakoe-oalje-piipline. De oalje wurdt oerpompe yn boaten dy't dêrmei rjochting Midslânske See farre. Guon oalje wurdt earst bewurke yn de raffinaderijen.
Yn de stêd stiet it parlimint fan de Autonoame Republyk Adzjaarje. De 30 leden wurde om 'e 5 jier ferkeazen. Fan 1991, nei it útienfallen fan de USSR, oant 2004 hie it parlimint mar te harkjen nei de lieder fan Adzjaarje, Aslaan Abasjydze. Abasjydze hie in haat-leafde ferhâlding mei de eks-president fan Geörgje, Edûard Sjeverdnadze en ek mei de nije president, Saakasvili, bûtere it net. Troch driging mei militêr yngripen troch it regear fan Saakasvili en massa-betôgings tsjin syn belied, pykte Abasjydze út nei syn freon, de buorgemaster fan Moskou, yn maaie 2004.