Wâldparlemoerflinter
Wâldparlemoerflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Melitaea diamina |
De Wâldparlemoerflinter (Melitaea diamina) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Wâldparlemoerflinter libbet yn fochtige gebieten. De flinters binne faak te finen by rivierkes of fochtige greiden. Yn Nederlân komme se net mear foar. Der wiene grutte populaasjes yn de Achterhoek, Twinte en Limburch. Yn de jierren 1960 binne se ferdwûn.
Op de reade list stiet de Wâldparlemoerflinter as ferdwûn út Nederlân.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is likernôch 16 oant 21 mm. De efterwjukken binne swart. De wyfkes hawwe de boppekant minder swart. De ûnderkant fan de wjukken hat giele plakken. De flinters falle dêrtroch goed op.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan midden maaie ôf oant ein juny. De Wâldparlemoerflinter fleant yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De jonge rûpen meitsje in grut nêst mei spinsels. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp ûnder de blêden. Soms oerwinterje rûpen twa kear. As it waar der net neffens is en der net folle fretten foar de rûp is, dan wachtet er op in better jier.
De rûp fret de Grutte Faleriaan en de Lytse Faleriaan.