Twakleurige Heaflinter
Twakleurige Heaflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Coenonympha arcania |
De Twakleurige Heaflinter (Coenonympha arcania) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymphalidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Fersprieding
Sûnt 1988 is dizze flinter yn Nederlân net mear te finen. Earder kaam dizze soarte noch foar op de Feluwe en yn de buert fan Nimwegen. De Twakleurige Heaflinteris al noch te finen yn de Ardennen en de Eifel. De flinter hâldt fan droege waarme greiden mei beskutting fan boskrânen. It is honkfêste soarte.
Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is likernôch 18 mm. De boppekant fan de foarwjuk is oranje mei in donkerbrune râne. De efterwjuk is brún. Op de ûnderkant fan de efterwjuk sit in rige eachplakken. De mantsjes hawwe spitsere wjukken as de wyfkes.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan begjin juny ôf oant begjin augustus, foaral ein juny. De Twakleurige Heaflinter fleant altyd yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp, yn in gerspôle.
De rûp fret ferskillende gerssoarten lykas Skieppegers, Miedegers, Spanjer, Pearelgers, Ringers en Finnige Koartstâle.