Polityk
Polityk omfet it ferdigenjen fan yndividuele en kollektive belangen yn de maatskippij, de middels dy't dêrby brûkt wurde en de karren dy't dêrby dien wurde. Hjirby wurdt meast in útsûndering makke foar karren dy't mei gewald ôftwongen wurde. In oare omskriuwing is dat polityk de ekonomy fan de macht is.
In part fan de polityk wurdt fêstlein yn de fasetten fan de steatsfoarm. Mar de polityk omfet ek de ynfloed bûten it regear om en ek yn oare situaasjes as de lagen fan bestjoer.
[bewurkje seksje] Wittenskip
De stúdzje dy't de fasetten fan de polityk bestudearret, is de politikology.
[bewurkje seksje] Politike streamingen
In politike streaming is in idee oer hoe't polityk dien wurde moat, en de minsken dy't it oer sa'n idee iens binne. Polityke steamingen binne ûnder oaren:
- Anargisme
- Faksisme
- Islamisme
- Kommunisme
- Nationalisme
[bewurkje seksje] Polityke partijen
Minsken dy't part fan deselde politike streaming binne, organisearje harren faak mei it doel diel tegearre diel te nimmen oan ferkiezings. Sa'n organisaasje is in politike partij.
In pear politike partijen yn Nederlân binne:
- it Kristen-demokratysk Appèl
- de Partij fan de Arbeid
- de Folkspartij foar Frijheid en Demokrasy
- Grien Lofts
- de Fryske Nasjonale Partij