Meidogger oerlis:Jelle
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Wolkom
Wolkom op de Fryske wikipedy. Ik sjoch jo binne al aardich op de hichte hoe at it wurket. Noch in pear opmerkings, benammen oer de ôfbylden.
- At jo in ofbyld nedich hawwe fan in flinter kinne jo op wikimedia commons ofbylden fine fan bygelyks it gieltsje. At jo de namme fan it ofbyld dat jo brûke wolle ynfolje wurdt it ofbyld fan de commons brûkt.
- Jo hawwe ek in tal ofbylden fan flinters oanbean. It moat wol dúdlik wêze wêr at it ofbyld weikomt en dat it frij te brûken is. As jo eigen wurk oanbiede wolle under de GNU/FDL lisensje, kinne jo dêr folstean mei {{Eigenwurk|~~~}}, as jo wurk oanbiede dat diel útmakket fan it Publyk Domyn mei {{PD}}.
- Fragen en opmerkings kinne jo op de oerlis siden kwyt. Jo kinne jo opmerkings dêr ôfslúte mei ~~~~, dit wurdt nei it festlizzen ferfong troch jo namme en datum/tiid fan de opmerking.
In protte nocht tawinske en oan't sjen. Theun 19.53, 25 sep 2006 (CEST)
Theun ik wol jo bedanke foar de tips dy jo my joen haw. Ik koe al net begripe wer al dy oare minsken de ôfbyldings wei krigen. Ik koe der ek neat fan fine op de Fryske wikypedia. It kin natuerlik ek wêze dat ik net goed sjoen haw. Yn els gefal bin ik fan plan om mear te skriuwen foar Wikypedia. Ik fin it tige leuk. Jelle 22.45, 25 sep 2006 (CEST)
-
- Nee, dat komt, de kear doe't ik in lange útlis skreaun hie oer ôfbylden foel de Wikipedy út krekt doe't ik dy fêstlizze woe, en op de ien of oare wize bin ik dy doe kwytrekke. Ik bin der oant no ta net oan ta kaam om't ik gâns de side wer yn ien kear skriuwe woe. Mar it is fansels folle wiki-eftiger om earst in lyts stikje te skriuwen, dêr't eltsenien (ik ek) dan wat byskriuwe kin: Wikipedy:Ofbylden. Aliter 23.08, 25 sep 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Flinters
Ik leau jo witte in ien en oar oer flinters. Ik haw op Flinters in side oer it skift oanmakke, mar ik wit net goed wat der sein wurde kin wat jildt foar alle flinters. Kinne jo faaks ris sjen wat der dêr by kin? Aliter 23.08, 25 sep 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] In protte flinters
It is yn oarder dat jo op it stuit allinnich oer flinters skriuwe, hear. At jo dat aardich fine moatte jo dêr gewoan mei trochgean. Al is it sa dat, dat guon Wikipedianen harsels opbaarne, trochdat hja in protte skriuwe, mar allinnich op ien mêd. At hja dan yn ien moanne mear skreaun hawwe as in oar yn trije moannen, dan is it ynienen stop om't hja gjin nocht mear hawwe oan it al te grutte projekt dat hja harsels stelt hawwe. Dat, besykje bygelyks allinnich de flinters yn Fryslân te dwaan, en helpje dan Meidogger:Theun (ús man foar de fûgels) ris mei in pear fûgelsiden, of skriuw ris in lanneside, eart jo mear flinterssiden skriuwe. Aliter 04.24, 1 okt 2006 (CEST)
Ik moat jo faak gelyk jaan, sa ek dizze kear. Er binne safolle flinter famyljes en safolle sub famyljes. Ik kin der wol yn ferslaan. Mar ik gean stadich troch. En miskien skriuw ik oer in pear wiken wol noait wer en miskien fin ik dan ek wol wer in oer onderwerp om oer te skriuwen. We sille wol sjen. Jelle 19.11, 1 okt 2006 (CEST)
Beste Jelle, Moai dat jo it net slim fine dat in oar de stavering fan jo teksten feroaret. At ik wer ris wat sjoch fiel ik my wat frijer om jo te helpen. Groetnis, Kees
[bewurkje seksje] Sitter, Willem
Ik seach jo hiene in Redirect foar Willem de Sitter oanmakke, no kin in Redirect as W. de Sitter wol brûkt wurde (is net beslist) nedich, mar in redirect Sitter, Willem is net logysk tink ik. Om de keppeling yn de byografylist te meitsjen kinne je better deselde metoade brûke at by de oare nammen, nammentlik troch de tekst fan de keppeling en de tekst dy't sjen litten wurd op de side te skieden.
* [[namme fan de side | tekst fan de keppeling op dizze side]]
foarbyld fan biografylist:
* [[Menno Simons|Simons, Menno]] - ([[1496]] - [[1561]]), Katolyk pryster..ensf.
en dus ek:
* [[Willem de Sitter|Sitter, Willem]] - ([[1872]] – [[1934]]), Wiskundige, astronoom..ensf.
Wat je bygelyks ek noch dwaan kinne at jo in beskriuwingsside fan in persoan makke hawwe is syn berte en ferstjerren op de jier- en datumsiden derbysette.
Ek noch tank foar help by it oanpassen fan de jiersiden. Theun 21.22, 12 okt 2006 (CEST)
Terskelling=Skylge By de beskriuwing fan de ierdbeiflinter stiet dat dizze foarkomt op Terskelling en op Skylge. Mar: Skylge is it Fryske wurd foar Terskelling. Faaks kinne jo ditsels better efkes oanpasse, want op de NL wiky kaam ik der net út wat it wêze maost..Groetnis Swarte Kees 21.19, 13 okt 2006 (CEST) --- parlemoer Beste Jelle, al in moai protsje flinters steane der sa stadichoan by-inoar. In moaie oanfolling fan de Wiky soe'k sizze. De list krijt hieltyd minder reade en mear blauwe letters. By de "parlemoerflinter" kaam it wurdbyld my wat frjemd foar. Soe it ek "pearelmoer" wêze kinne? Hjir ha'k gjin boarnen om dat nei te sykjen. Faaks is der in oar dy't hjir útslútsel oer jaan kin. 16.40, 19 okt 2006 (CEST)~
- De wurdboek hat al parlemoer. Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Swarte Kees syn oerlis; ynterwiki's
Tige tank Jelle, ik heapje dochs dat by Kees binnenboard hâlde kinne. Dy ynterwiki's binne no ien kier ion konfensje. Mar boppedat kinne se tige nuttich wêze at je mear oer it ûnderwerp witte wolle en fine dat der op Wikipedy X te min oer te finen is. De Ingelske of Dútske Wikipedy kin dan noch útkomst biede. Fierders, en dat fyn ik tige wichtich: as men op de Ingelske of Hollânske Wikipedy in ynterwiki tafoeget nei de Fryske Wikipedy, dan wurde der wisse mear potensjeale meidoggers nei fy: lûkt, dy oars net fan syn bestean ofwite soenen! Mei Google of sa komt men ommers net sa hurd op de Fryske Wikipedy út. Steinbach (WanabeFries) 12.46, 20 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] wâldparlemoerflinter
No at Swarte Kees it efkens wat rustiger oan dogt, dat ik wie wat flinters oan't nij sjen (net te bot op stavering). No bin ik gjin flinterekspert, mar de wâldparlemoerflinter (Melitaea diamina) is dat dezelfde as de Bosparelmoervlinder (Mellicta athalia of Melitaea athalia) op nl? Theun 22.29, 20 okt 2006 (CEST)
De boskparlemoerflinter en de wâldparlemoerflinter binne ferskillende flinters. As jo goed nei de foto’s sjogge dan binne der dúdlike ferskillen. As ik de flinters yn it fjild sjoch dan wit ik net seker welke wy is. Mar dat wit ik dan wer oan it plak wer ik se sjoch.
- Ik bin der achter. Ik wie yn de war om't op de ingelske side fan de wâldparlemoerflinter (false heath frittailary) de ferkearde interwiki's steane, dat wiene dy fan de boskparlemoerflinter (heath frittailary). Ik haw it no oanpast en ek op :en de ferkearde interwiki's der wei helle. Theun 19.32, 21 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] stikje
Moai inisjatyf Jelle! Ik ha wat dingen feroare en de stavering neisjoen. It stiet jo fansels frij om der op'en nij wat yn te feroarjen:
De Fryske Taal hat jo help nedich.
Yn 2003 is de Fryske Wikpedy út ein set. Wikipedia is de namme fan in iepen ensyklopedy sûnder auteursrjochten. Eltse besiker kin eltse side bewurkje en it eigen witten tafoegje. De Fryske Wikepedy komt hiel stadich fan’e grûn. Op dit stuit binne der sa’n 3250 siden. Dochs is dit foar sa’n libbene taal eins fierstente min. Yn it nijs hearre wy hoe min it wol net giet mei de Fryske taal. In soad redenen dy’t neamd wurde lizze bûten ús macht. Mar mei de Fryske Wikipedy leit dat oars. As er tûzen minsken alle wiken in stikje skriuwe soene foar de wikipedy, dan stiet de Fryske taal yn de hiele wrâld posityf yn it nijs. De Fryske taal hat in opstekker nedich en dêr kinne jo by helpe.
Giet it Frysk skriuwen jo net sa hiel goed ôf? Der is altyd wol in oare Wikipedy-meidogger dy’t jo dêrmei helpt. Skriuwe jo noch yn de âlde stavering? Oare Wikipedy-meidoggers sette it wol om. Binne jo mear fisueel ynsteld? By in soad artikels kinne plaatsjes tafoege wurde. Of jo kinne foto’s oanleverje. Net sa goed yn sels stikjes betinke? It oersetten fan Wikipedia-siden út oare talen kin ek.
Net altyd tiid? Wurkje oan de Wikipedia kin 24 oeren deis dien wurde, der binne guon dy’t der ta de nacht út oan wurkje. En jo hoege der fansels de doar net foar út. Ha jo in hobby dêr’t jo oaren oer fertelle wolle? Wolle jo wat oer jo doarp fertelle? Skriuw der oer op Wikipedy.
Wa’t niget oan Fryslân of it Frysk hat kin dat no blike litte. Sa kinne jo mei de rest fan Fryslân de Wikipedy groeie litte. As jo op ynternet yn de haadbalke fan jo kompjûter http://fy.wikipedia.org/wiki/Haadside yntype dan komme jo op de haadside fan de site. Sjoch ekris wat der al is, der is foar eltsenien wol wat nijsgjirrichs te finen.
Swarte Kees 17.42, 25 okt 2006 (CEST)
- Oars koenen jo hjir in side Wikipedy:Ynstjoerd stik fan meitsje, dat eltsenien der oan meiskriuwe kin. Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
- Wie hawwe ek wolris dwaande wêst oen in parseberjocht, it doel wy itselde en wy woene dy by 2500 siden út gean litte. Trochdat wy mei sa'n gong oer dy 2500 grins hinne gien binne en alle drokte derom hinne is it der doe net fan kaam. Miskien jout dat ek noch ynspyraasje. Ik bin yn elts gefal bliid mei nije meidoggers dy't sa oanstutsen binne troch de wiki dat se der fuort reklame foar meitsje wolle. Ik bin sels ek wer folle aktiever ;). Theun 17.40, 26 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Lytse Wite Koalflinter
Jo skriuwe dat de Lytse Wite Koalflinter ek op droechten foarkomt. No is "droechte" foar my in wurd foar in ûndjip plak yn it wetter, dat hjir woe ik graach wat mear oer witte. Aliter 19.37, 25 okt 2006 (CEST)
- Geweldich hoe jo it kinne fertelle. In flinter dy’t yn it wetter oerlibbet soe echt in nijtsje wêze. Ik sal it feroarje it moat roechten wêze, mar oft dat wol in Frysk wurd is.... Ik bedoal dermei allegear boskjes, beamwallen. In it Nederlânsk ek wol ruigten neamt. Jelle 21.19, 25 okt 2006 (CEST)
It rûch? Aliter 21.41, 25 okt 2006 (CEST)
-
- ik soe der "rûchten" fan meitsje
- 21.55, 25 okt 2006 (CEST)~
Rûchte liket my lytser: gers, nôtieren, dat slach. Aliter 21.00, 26 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Stânflinter
Ik haw de oarsprong weihelle út de definysje fan Stânflinter. Is it sa noch yn oarder? Aliter 05.36, 27 okt 2006 (CEST)
- Ik tink dat jo it op dizze wize goed sein hawwe. It folgjende moat er wol by: de flinter moat it Hiele jier troch oerlibje kinne yn Nederlân, ek de winter. De nûmerflinter is in foarbyld fan in flinter dy’t hiel algemien foarkomt. Dochs is dit gjin stânflinter, de nûmerflinter oerlibbet de winters yn Nederlân net. Jelle 10.48, 27 okt 2006 (CEST)
Ik haw it noch wat oanpast. Ik haw de pratende flinter weihelle en ik haw in posityf foarbyld tafoege. Aliter
Tinke jo der om dat der hjirboppen ek noch wat oar oerlis oan jo side tafoege is? De wiki jout allinnich de alderlêste feroaring; op eardere feroarings moatte wy sels achtsje. Aliter 22.50, 27 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Fryske nammen.
Aliter of oaren Ik haw in fraach. Hoe witten jim al dy Fryske nammen. Aliter hat by de flinter (elfkes) in list mei nammen tafoege. Ik bin suver jaloersk. Ik moat it faak by Latynske nammen hâlde. Wer helje jim dy nammen wei.Jelle 10.09, 28 okt 2006 (CEST)
- Dy nammen binne meast min ofte mear oersettings. Foar bisten en planten dy't net yn Nederlân foarkomme hat it Biologysk Wurkferbân gjin nammen fêsteld en faak binne der ek gjin oare boarnen mei in Fryske namme. Mar der binne al nammen foar, yn it Latyn en faak yn oare talen, dy't almeast mei help fan Wikipedia of in soartenwebstee wol út te finen binne. Mei dy nammen kinne der dan nammen fêststeld wurde neffens de rjochtlinen fan it wurkferbân.
- Der is al wat romte, fansels. Bygelyks, de Elfkes hjitte yn it Ingelsk "Elfsk", om't it in ferkoarting is fan "Elfske Paazje", en yn it Frânsk "Kabouterkes". "Elfkes" wie myn kar foar in namme dy't yn it Frysk past by flinters. Hoe ek, de wichtichste rjochtline fan it wurkferbân bliuwt fansels dúdlikens. Aliter 18.26, 28 okt 2006 (CEST)
[bewurkje seksje] Aureliaflinters
Jo hawwe hjir "Skaai: Deipauëachen (Inachis)" weihelle, mar "Skaai: Iisfûgelflinters (Limenitis)" net. Wat is krekt it doel? Aliter 19.46, 28 okt 2006 (CEST) Ik haw se by de juste underfamylje set.Jelle 14.09, 29 okt 2006 (CET)
[bewurkje seksje] Beleaning, jim miening
Ik wol yts neis yntrodusearje op de Fryske wykipedy. Ik wol Fryske flaggen jaan foar bewizen tsjinsten. Krekt as dat se op de ingelse en Nederlânske wykepedy dogge. Sjoch http://nl.wikipedia.org/wiki/Wikipedia:Sterren_voor_bewezen_diensten.
It grutste probleem foar de Fryske wykepedy is dat er net in hiel soart minsken binne dy’t dageliks of wykliks in stikje meitsje. En de minsken dy’t dan wol wat dogge bliuwe net hiel erch lang. Ik haw de gebrûkers listen besjoen en de skiednis fan de persoanen lêzen. Faaks binne se nei 1 of 2 kear oerlis pleegt te ha fuort. Dat moatte we natuerlik foarkommen. En we moatte probeare om de minsken te hâlden. Ik tink dat in beleaning op hun gebrûkers side kin helpe. it is foar guon minsken in hiele ear om in beleaning te krijen. Miskien wurde minsken dertroch wol prikkele om mear te dwaan. En miskien hâlde se waarme gefoelens oer foar de Fryske wikipedy.
Miskien moat er in pagina komme foar ferskillende flaggen.
Mar ik wol earst jim miening er oer witte.
Dit is de earste flagge. Dizze flagge krije minsken foar algemien tsjinsten.
- Beste Jelle, moai dat jo safolle war dogge om minsken by de Wiky te belûken. In nij inisjatyf is wurdich om oer neitocht te wurden:
Sels fiel ik net safolle foar sokke beleannings. Meidwaan soe fan binnenút komme moatte en net om wat fearren yn it gat te krijen, al hoe goed de bedoelings dêrfan ek binne. Yn sa'n lyts groepke fan Friezen kin soks ek gauris skeane eagen jaan. Elts wit ommers wol sawat wat in oar út'e wei set. En foar waarme gefoelens binne wol oare plakken.. Wy binne op't lêst allegear grutte minsken, hooplik smyt jo ynstjoerde stik wol ekstra meidoggers op. Groetnis, 22.04, 29 okt 2006 (CET)~
-
- Sjoch ek ris nei:
- Mar mienskipfoarming is yndie in probleem op lytse wiki's. Faaks eat foar de Wikipedy:Oerlisside? Aliter 01.21, 30 okt 2006 (CET)
Miskien hawwe jim ek wol gelyk. It is wat berneftich om elkoar belienings te jaan. Sa as swarte Kees prachtich seit: Meidwaan soe fan binnenút komme moatte en net om wat fearren yn it gat te krijen, al hoe goed de bedoelings dêrfan ek binne. Ik haw al wer wat oars betocht, mar ik moat dit noch fjirder útwerke. Yn els gefal tanke wol foar jim miening. Jelle 17.00, 30 okt 2006 (CET)
[bewurkje seksje] List fan planten en poddestuollen
Hi Jelle,
Jo hawwe op in grut tal siden fan planten under it kopke Sjoch Ek, de List fan planten en List fan Poddestuollen en Swammen taheakke. It is tink ik wat nûver om hjir de list fan poddestuollen by te setten. Ommers de poddestuollen steane qua taksonomyske yndieling like tichteby it Planteryk as by it Diereryk. Ik is tink ik better om de List fan poddestuollen allinich by de poddestuolsoarten te setten. Groetnis, Theun 14.13, 3 des 2006 (CET)
Jo hawwe gelyk. Ik haw der net goed oer neitocht. Ik sal it wer feroarje. Ik fyn dat we de listen wol sa folle mogelik brûke moatte. Ik fyn se moai en handig. Jelle 20.10, 3 des 2006 (CET)
Goeie Jelle, wat in ferhipte aardige útwreiding fan it Folksliet mei de muzyk der by! It makket de Wikipedy noch folle moaier. Groetnis, Swarte Kees 11 des 2006, 19.06 (CET)