Grienjurkje
Grienjurkje | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Callophrys rubi |
It Grienjurkje (Callophrys rubi) is in flintersoarte yn it skaai fan de Elfkes (Callophrys).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
It Grienjurkje kin lokaal yn grutte oantallen foarkomme. Mar der binne ek parten fan Nederlân dêr't er minder talryk is, benammen yn Noard- en West-Nederlân. Grienjurkjes hâlde fan skrale greiden. Ek binne se faak te finen op de heide. It is in frij honkfêste soart.
Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is ûngefear 14 mm. By flinters dy't oan 'e ein fan harren libben sitte is de griene kleur dy't se op de ûnderkant fan de wjuk hawwe ferdwûn.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan ein april ôf oant heal augustus. Foaral tusken 1 en 15 juny. De flinter fleant altyd yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is heldergrien mei skeane giele streken der oerhinne. It liif is bedutsen mei lytse hierkes. De rûp groeit yn de foarsimmer. De flinter oerwinteret yn syn pop. Hy is dan al hielendal ûntwikkele mar bliuwt yn de pop oant de omstannichheden goed binne.
De rûp fret fan de Hulst, Blebberbei, de Heide en de Skrobberheide.