De Kalkman
De Kalkman (Engelsmanplaat) is in plaat op it waad, yn it Fryske Seegat tusken it Amelân en Skiermûntseach. De plaat is 7,2 km² grut, mei in droech part fan noch net in kante kilometer.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Lokaasje
De Kalkman leit fjouwer kilometer west fan de punt fan Skiermûntseach, fjirdel kilometer fan de eastpunt fan It Amelân en ek sa fier fan de wâl, noard fan Nes, op 53°27'15"N - 6°3'E.
De plaat wurdt begrinzge troch
- it Smoarige Gat yn it westen en noarden;
- de Sâltkamper Laach yn it easten;
- de Peasensried nei it súdeasten en
- it Wierumer Waad yn it suden.
[bewurkje seksje] Natoer
It is in plaat dêr't mar in lyts part by gewoan heech wetter net fan ûnder weeter komt, no minder as in kante kilometer. Dat droege part is fral in gebiet fan lege dúntsjes. Earder wie hjirop wat plantegroei, dêr't fûgels yn neskjen, mar op it stuit is alle plantegroei ferdwûn.
Fan 1973 oant 1991 fûl de plaat ûnder Steatsboskbehear. Fral yn dy tiid fungearre de Kalkman as rêstgebiet foar fûgels. Ek no noch is de plaat foar harren in heeachwetterflechtplak. De Kalkman fungearre ek as briedplak, mar sûnt de ieuwikseling spiele de nêsten gauris fuort by ûngewoan heech wetter.
[bewurkje seksje] Skiednis
De omstannichheden yn it Fryske Gat hawwe nea lang itselde west. Yn de 18e ieu lei likernôch op it plak fan de Kalkman, benoarden Wierum in smelle noard-súd plaat, de Hynstemerk. Daalks fierder nei it easten, benoarden Nes, lei doe noch de westpunt fan Skiermûntseach.
Om 1850 hinne wie it grutste part fan it Fryske Seegat ta de Kalkman wurden. It Smoarige Gat wie der noch net, dat de Kalkman rûn nei it westen fierder oant it Pinkegat, doe it Alde Pinkegat, en nei it noarden oant de Wierumer Grûnen oan ta, dêr't no It Rif leit.
Mei it ûntstean fan it Smoarige Gat waarden it westlik part en it noardlik part ôfsnien. Yn de fyftiger jierren fan de 20e ieu wie it droege part fan de plaat noch mear as 2 kante kilometer, mar it is sûnt die tiid hurd tebek rûn. Sûnt de tachtiger jierren is der in dúdlik ferlies oan de eastkant. Ferklearings hjirfoar binne de feroarings troch it ôfsluten fan de Lauwerssee, en de flugge boaiemdaling fan gauris in meter dy't de Kalkmân en it Rif ûnderfûn hawwe as gefolch fan de gaswinning fan it Amelân.
Om de ieuwikseling hinne is troch haakfoarming fan de Kalkman en fan it Rif it noardlike part fan it Smoariche Gat foar in part blokkeare. Op it stuit fersânet dat part fan it gat. Mûglik sille yn de takomst beide platen wer gearwaaksje.
[bewurkje seksje] Namme
De namme De Kalkman is nei alle gedachten ûnstean om't der in earder tiid om de kalk skelpen wûn waarden op de plaat.
[bewurkje seksje] Waadrinnen
De Kalkman leit tichtby de fêste wal, en is dêr oer it waad mei ferbûn. Dit makket de waadrintocht nei de Kalkman de koartste oerstek oer it waad is. Yn de lêste fearnsieu fan de 20e ieu is de Kalkman dêrtroch in populêr doel foar waadrintochten wurden, mei yn it seizoen gauris twa groepen waardrinners deis. Fansels is it al sa dat tochten nei de Kalkman hinne en werom binne; it is gjin eilân en der is gjin fear dat de minsken wer meinimt nei de wâl.