Wierum
Wierum is in doarp yn de gemeente Dongeradiel, oan der kust fan de Waadsee. It doarp hat sa'n 390 ynwenners.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Namme
De namme is net dúdlik. Hiem op de dyk soe ferklearing wêze kinne, mar dat it in mearfâld fan wieren is ek oannimlik.
[bewurkje seksje] Midsieuwen
Yn de Midsieuwen moat Wierum in protte fan de see te lijen hân hawwe. Sa is it doarp deun tsjin de seedyk oan kommen te lizzen.
[bewurkje seksje] Fiskersdoarp
Ek Wierum wie yn it ferline in fiskersdoarp. Dêr kaam in ein oan yn 1892. Op 1 desimber fan dat jier farden 15 aken út. Nei't der letter sein waard, seagen âlde fiskers de float mei soarch nei; it waar wie te moai foar desimber. Doe't de skippen op see wienen, stiek der in swiere stoarm op. Trettsjin fan de santsjin skippen kamen net werom en 22 fiskers ferdronken.
Ta oantinken oan dizze ramp is yn it doarp in monumint, besteande út basaltblokken en âlde ankers oprjochte. Dêrop stiet in fjouwerrigelich gedicht fan Douwe A. Tamminga:
As de dea it skip berint
Dan is der gjin ûntkommen
O wetter, o wif elemint
De see hat jûn, hat nommen.
It ienichste oantinken oan it fiskersferline is in fiskershûs út 1832. Dit wurdt no brûkt troch it wetterskip.
[bewurkje seksje] De tsjerke en de toer
Fan de âlde tsjerke, dy't oan Marije wijd wie, is nei't dy yn 1912 ôfbrutsen waard, neat mear oer. Oerbleaun is de dowestiennen toer út de 12ste ieu. Op de toer stiet net in hoanne mar in aak.
Soks bart mear yn fiskersplakken, mar yn Wierum is der in leginde oan ferbûn. Neffens dy leginde rekke de misjonaris Wilfryd, biskop fan York, yn de 7de ieu yn in skipbreuk fersille by Wierum. Doe't de Wierumers in toer bouden, mochten se der, as oantinken, in gouden skip as wynwizer dêr op sette.
By de ramp yn 1893 kaam dit ferhaal ek wer nei boppen ta. Doe waard it útlein as in foarsizzing fan de ramp.
[bewurkje seksje] De grifformearde tsjerke
De Ofskieden Tsjerke Nes en Wierum krige yn 1875, dus foar de Doleânsje, in beskieden tsjerke. No't de herfoarmen en grifformearden yn Wierum ien wurden binne, rekke de tsjerke oerstallich. In partikulier hat de tsjerke kocht en dy wurdt no brûkt as eksposysjeromte mei in fêste kolleksje fan de ferstoarne Nesser skilder Jo Rispens. In inkele kear wurdt de tsjerke noch brûkt foar trou- of routsjinsten.
[bewurkje seksje] Meindert de Jong
De Amerikaanske berneboekeskriuwer Meindert de Jong wie yn 1901 berne yn Wierum. Yn 1918 wie er nei Amearika emigrearre. Hy wie in bekend skriuwer en hat mear as ien ûnderskieding krige. Syn boek 'Journey from Peppermint Street' hat oanknooppunten mei Wierum. Peppermint Street bestiet yn Wierum altyd noch as de Muntsjesteech. Syn boek 'The wheel on the school' is oersetten as 'It sjil op 'e skoalle'
[bewurkje seksje] Ferskaat
- It is wol útsteld dat J.L. van de Burg by de rigel Dêr't de dyk it lân omklammet as in memme-earm har bern yn 'It Heitelân’ oan Wierum tocht hat. Sa't it doarp leit liket it yndie troch de dyk omsletten te wêzen.
- Wierum is faak it bejingpunt fan waadrintochten nei de Kalkman.