Bakoe
Bakoe is de haadstêd en belangrykste havenstêd van Azerbeidzjan. De stêd, dy't oan de Kaspyske See leit, is mear as 1500 jier âld en hat 1.900.000 ynwenners (2003).
Argeologen hawwe resten fûn dy't datearre fan in pear ieuwen foar Kristus. Bakoe waard foar it earst neamd yn 885. De stêd waard belangryk neidat de stêd Shemaka troch in ierdbeving ferwoaste waard. De doedetiidske Persyske hearsker Shirvanshah Ahistan I makke fan Bakoe syn nije haadstêd.
Yn 1805, ûnder de Earste Russysk-Iraanske oarloch, waard Bakoe troch de Russen op Iran under de Kadjaren-dynastie oerweldige.
De histoaryske stêdsmuorre fan Bakoe is op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO set. Ek de Maagdentoer út de 11e ieu stiet op dizze list.
Bakoe is it begjin fan de Bakoe-Tbilise-Ceyhanpiiplieding yn aanbou, dy't oalje fan de Kaspyske See nei de Swarte See bringe moat.