Sinnestelsel
In sinnestelsel is stelsel fan in stjerre en in tal fan planeten; yn it bysûnder fan ús sinne mei de planeten deromhinne. Fierders kinne lytsere himellichems, as dwerchplaneten, planetoiden, moannen en kometen, noch in part fan in sinnestelsel wêze.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Planeten
It sinnestelsel hat 8 planeten: Merkurius, Fenus, de Ierde, Mars, Jupiter, Saturnus, Uranus en Neptunus.
[bewurkje seksje] Mear planeten
Der wurdt faak praat oer mooglike oare planeten.
- As útlis fan in ôfwiking yn de baan fan Merkurius is oannaam dat der noch in planeet tichter by de sinne wêze moast, dy't Fulkanus neamt waard. Mar Albert Einstein berekkene mei syn relativensteory dat de tiid-romte-ferfoarming troch de sinne, ferantwurdlik wie foar dy ôfwiking.
- Tusken Mars en Jupiter leit de astroidengurl. Om't de Titius-Bode wet oanjout dat dêr in planeet wêze moat is oannaam dat hjir ea in planeet wêst hat, dêr't de astroiden fan tebek binne. Mar no wurdt ek wol tocht dat him op dy ôfstân allinnich in dwergplaneet, Seres ûntwikele hat.
- De dwerchplaneet Pluto op de râne fan de Kuipergurl waard oant 2006 beskôge as de njoggende planeet fan it sinnestelsel.
- De gruttere planeten hawwe moanen dy't grutter binne as in lytse planeet.
[bewurkje seksje] Dwergplaneten
Njonken de acht planeten binne der yn ús sinnestelsel noch in tal dwerchplaneten. Yn de astroidengurl is dat Seres, yn de Kuipergurl binne dat Pluto en Charon en djipper yn de gurl binne der noch mear, mûglik in lytse sechtich.
[bewurkje seksje] Astroiden
Yn it sinnestelsel binne meardere gurls mei astroïden ensfh. Benammen binne der de Astroidengurl, de Kuipergurl, en de Oort-wolk, mar der binne mear. Dizze plakken wurde sjoen as oarsprong fan de kometen.
[bewurkje seksje] Kometen
Kometen hawwe in baan dy tige elliptysk is, en dêr't se op it fierste punt fier fan de sinne mei binne. In komeet as de komeet fan Halley komt frij gau wer werom (76 jier), mar der binne ek kometen dy't in baan hawwe fan tûzen jier of langer.
[bewurkje seksje] Stjerre
Om't der in wisse oarder sit yn it ferstjerren fan soarten op ierde, is der in teory optocht dy seit dat de Sinne op grutte ôfstân beselskippe wurdt troch in oare stjerre, Nemesis, dy't as dy twa te ticht byelkoar binne de baan fan kometen feroaret sadat dy op planeten as de Ierde telâne komme. Oan't no ta is Nemesis noch net fûn.
[bewurkje seksje] Mjolkenpaad
It sinnestelsel is in part fan in spiraalfoarmich stjerrestelsel, it Molkenpaad, dat sa'n 200 miljard stjerren grut is. It grutste part fan dizze stjerren is part fan in spiraalearm, mar de sinne is dat net. Hie dat al sa wêst dan wie troch de strieling fan supernova's op Ierde hast gjin libben mooglik wêst.
[bewurkje seksje] Keppelings om utens
- Sinnestelsel Dútsk
- Solarviews