Pyt Kramer
Pyt Kramer is in ûndersiker fan it Frysk. Hy hat ferskate wurdboeken skreaun en dominearret sûnt de sechtiger jierren it taalkundich ûndersyk nei it Frysk, wêrûnder it Saterfrysk. Dêrnjonken is hy aktyf yn de Fryske Nasjonale Partij wêrfan Kramer ien fan de oprjochters is. Ek fersoarge hy kursussen Frysk foar bewenners fan it eardere asylsikerssintrum yn de gemeente It Hearrenfean.