Molkfabryk
Yn it molkfabryk wurdt molke fan de bourkerij ferarbeide ta suvel, ûnder oaren ta
- bûter
- fla
- yochert
- pasteurisjearre molke
- slachrjemme
- sûpe
- tsiis
In protte molkfabryken binne oprjochte as koperaasjes, mei it doel foar de boeren de ôfset it fergrutsjen. Foar ûnder oaren doelmjitigens binne in soad molkfabryken yn de twadde helte fan de 20e ieu geargongen, wat laat hat ta it ûntstean fan grutte suvelbedriuwen. It gefolch fan dizze ûntwikkeling wie dat hast alle molkefabryken sletten waarden, en ferfongen waarden troch in pear nije grutte fabryken.
[bewurkje seksje] Molkfabryken
- De Dokkumer Wâlden, Ikkerwâld - fan 1899 oant 1969
- De Dongerdielen, Moarre/Ljussens - fan 1915 oant 1973.
- Huis ter Noord, Aldwâld - van 1899 oant 1996.
- De Iendracht, Twizel - fan 1898 oant 1974.
- It Stienfek, Ie - fan 1888 oant 1977
- De Takomst, Marrum.
- De Takomst, Rinsumageast - fan 1901 oant 1976
- De Undernimming, Mitselwier - fan 1888 oant 1927
- Lemsterlân, Eastersee-Giterskebrêge - fan 1898 oant 1993.