Jongema State
Jongema State mei op de foargrûn de poarte út 1603 |
Jongema State wie in state dy't oan de noardkant fan Raerd, (Boarnsterhim) stien hat. Tsjintwurdich stiet allinne it poartegebou út 1603 noch oerein en ek de grêft is noch yntakt. It terrein, dat yn'e folksmûle as Raerder Bosk oantsjutten wurdt, is tsjintwurdich eigendom fan It Fryske Gea.
Fan Jongema State is wis dat dêr al sûnt de 15e ieu bewenning west hat. Sa waard it slot yn 1461 bewenne troch Kempo Jongema. Letter hat Jongema State ieuwenlang yn eigendom west fan it bekende Fryske geslacht Van Eyzinga. Lêste bewenner fan it slot wie Hobbe Baerdt soan fan Adrianus Henricus van Slooten, boargemaster fan de gemeente Raerderhim fan 1872 oant 1896, en Jonkfrou Maria Clara van Sminia, dy't ek op de state wenne hawwe. Jongema State is yn 1912 ôfbrutsen.