It Fryske Gea
It Fryske Gea is in feriening foar natuerbeskerming yn Fryslân. Op dit stuit hat de ferieniging likernôch 25.000 leden. De feriening beheart sa'n fyftich ferskate natuergebieten mei in gebiet fan likernôch 19.000 hektare yn de hiele provinsje.
[bewurkje seksje] Skiednis
Nei de Earste Wrâldkriich waard yn Fryslân in protte lân wûn. By guon Friezen kaam lykwols it besef op dat hjirtroch natuer foar altyd ferdwûn. Meint Wiegersma kaam yn 1929 mei it útstel in provinsjale natuerbeskermingsorganisaasje op te setten. Ek Natuermonuminten wie foarstander fan in provinsjale oanpak: hja woenen it leafst in stifting, mar dy is der nea kaam. Op 22 febrewaris 1930 hie de oprjochting plak fan in feriening dy't fan bestjoerslid Jacob Botke de namme It Fryske Gea krige.
It earste natoergebiet wat it Fryske Gea yn har besit krige wie deLânwar, in Midsieuwsk ferdigeningswurk by Allardseach ûnder Bakkefean. De Lânwar is no opnaam yn natuergebiet it Mandefjild.
[bewurkje seksje] Gebieten
De natuergebieten dêr't it Fryske Gea behearder fan is:
- Aeltsje- en Warkumermar
- Alde Feanen
- Bancopolder
- Bjirmen
- Blauhúster Puollen
- Bocht fan Molkwar
- Botmar of Sodumermar
- Buismans Einekoai Piaam en Dyksfearten
- Bûtenfjild
- Coehoornbosk of Wikelerbosk
- Delleboersterheide
- Diakonievene
- Dobben Hurdegarypsterwarren
- Dunepolder en Follegeasterpolder
- Eanjumer Kolken
- Easterskar
- Einekoaien Lytse Geast en Ketelermar
- Fluezen
- Grutte Wielen
- Huitebuersterbûtenpolder
- Ychtenerfeanpolder
- Joadetsjerkhôf Noardwolde
- Joadetsjerkhôf Teakesyl
- Jongemastate
- Kapellepôle
- Ketliker Skar
- Koarnwertpolder en Makkumersúdmarpolder
- Liphústerheide
- Makkumerwaarden
- Mandefjild Bakkefean
- Martenastate
- Mokkebank
- Mûntsebuorsterpolder, De Ryp en Syp Set
- Noard-Fryslân Bûtendyks
- 't Oerd en de Hon
- Park Huize Olterterp
- Peazemerlannen
- Petgatten de Feanhoop
- Ringwiel en Hop
- Rysterbosk
- Skiedingsboskje
- Skiepedobbe
- Slachtedyk
- Steile Bank
- Stokersdobbe
- Sudermarpolder
- Taconisbosk
- Teroelster Sipen
- Tsjongerwâlen
- Unlân fan Jelsma en Kobbelân
- Warkumerwaard
- ’t West, Meulereed en Meulebos
- Wilhelmina-oard