Titus
Keizer Titus Flavius Vespasianus (30 desimber 39 - 13 septimber 81) hie syn regeer periode fan 79 oan't 81 nei Kristus.
Under keizer Nero tsjinne hy as militêr kommandant yn Brittania. Yn 67 gie hy mei syn heit Vespasianus nei it easten om de Joodske Rebellie del te slaan. Yn 69, it saneamde Fjouwerkeizerjier gie Vespasianus nei Rome om de macht te gripen. Titus bleau yn Judea om de opstânnelingen te ferslean. Dit slagge him in jier letter. Titus soarge der foar dat de timpel yn Jeruzalem ofbrand waard en de 'minorrah' (de 7 earmige kandler) waard mei nommen nei Rome.
Nei de dea fan syn heit op 24 juny 79 folge hy mim op en mar hy regearde mar twa jier. 'Leafhabber fan de minsk' neamde syn folk him. Wylens syn koarte regearperioade makke hy de utbarsting van de Vesuvius yn 79 mei dy't Pompei under in dikke lava laag beduts. It jier derop wie der in pestepedemy en waard in grut part fan Rome troch in grutte brân ferwoeste.
Yn 80 makke hy de bou fan it Amphiteatrum Flavium ôf, der't syn heit mei begûn wie. It waard letter ferneamd under de namme Colloseum.
Hy ferstoar oan sykte.