St. Janskleaster
St. Janskleaster is in doarp yn de kop fan Oerisel. It doarp mei de omlizzende gebieten wurdt Ambt Follenhove neamd en leit yn it Lân Follenhove. Sûnt 1 jannewaris 2001 heart it by de gemeente Stienwikerlân. Sint Janskleaster telt sawat 2500 ynwenners. De bekendste eartiidske ynwenner fan it doarp is sûnder mis Evert van Benthem, twafâldich winner fan de Alvestêdetocht. Yn it doarp stiet in stellingmole út 1857, de Muontsemole en in tsjaskermole, De Foeke.
Sint Janskleaster falt ûnder it gebiet fan Follenhove, ek wol Lân Feno neamd. Oare streken fan Lân Feno binne Barsbeek, Heetveld, Leeuwte, Moespot, Kadoelen, De Krieger
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Blommekorso
It doarp is yn wide omkriten bekend troch it grutte blommenkorso, dat dêr elk jier op de tredde sneon fan augustus hâlden wurdt. Dit korso lûkt tuzenen belangstellenden en de regionale televyzjestjoerder TV-East docht ferslach fan it korso. De pleatslike bewenners binne moannen tefoaren al mei de tariedings dwaande. Foar de fersiering fan de metershege prealweinen wurde meast dahlia's brûkt. It oantal dahlia's ferskilt fan 150.000 oant 350.000 stiks per korsowein. It korso lûkt op de 3e freed fan augustus troch Sint Janskleaster.
[bewurkje seksje] tsjerklik libben
It doarp hat fjouwer tsjerkegebouwen.
- Kristlik Grifformearde Tsjerke (Molestrjitte)
- Grifformearde Tsjerke (Leeuwte)
- Grifformearde Tsjerke Frijmakke (Kadoelen)
- Herfoarme Kapel (yn gebrûk nommen yn 1909), hearrende by de Herfoarme gemeente Follenhove (Molestrjitte)
[bewurkje seksje] besikerssintrum De Wieden
Bûten Sint Janskleaster leit it Besikerssintrum De Wieden fan Natoermonuminten.
[bewurkje seksje] eksterne links
- Blommekorso Sint Janskleaster
- VVV Kop fan Oerisel
- Berjocht:ViaMichelin