Alvestêdetocht
De Alvestêdetocht is in reedriderstocht fan sawat 200 kilometer lâns de alve stêden fan Fryslân. Ljouwert, de haadstêd fan de Nederlânske provinsje Fryslân, is fan âlds it start- en finishplak. De tocht bringt de dielnimmers fan Ljouwert nei Snits, Drylts, Sleat, Starum, Hylpen, Warkum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum en dan wer werom nei Ljouwert, dêr't op de Bonke de einstreek leit. Hûnderttûzenen taskôgers wiene by de lêste tochten de kjeld treast en moedigen oan 'e rûte de reedriders oan.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Organisaasje
Eltse dielnimmer, dy't lid wêze moat fan de yn 1909 oprjochte Feriening Alvestêdetocht, kriget by it ynskriuwen in stimpelkaart. Dy moat persoanlik oerjûn wurde by de kontrôleposten dy't yn alle stêden en op in stikmennich geheime plakken steane. Dêr wurde de stimpelkaarten mei de hân stimpele. In dielnimmer kriget it Alvestêdekrúske allinne as alle stimpels op 'e kaart steane en de dielnimmer op 'e tiid, foar tolve oere jûns, yn Ljouwert oankomt.
De earste tocht waard op oanstean fan sportpionier Pim Mulier organisearre ûnder de flagge fan it Fryske Iisbûn. Mulier hat ek de ûntwerper fan it Alvestêdekrúske west.
[bewurkje seksje] Tochten
Sûnt 1909 waarden der mar 15 offisjele Alvestêdetochten op redens hâlden.
[bewurkje seksje] Utslaggen
(*) Wenplek neffens opjefte fan de Feriening Alvestêdetocht. Oare boarnen jouwe Hoekstra syn berteplak Wergea as wenplak.
(**) Om't de winter sa lang oan hold yn 1929, waard der doe troch âlve kastleins noch in twadde tocht hâlden, dy't bekend is as de "Tolhúster Alvestêdetocht", nei it kafee dêr't it fertrek en de oankomst wienen.
(***) Nei dielde oerwinnings in 1933 en 1940, waard dit ferbean troch de organisaasje. Jan van der Hoorn, Aad de Koning, Jeen Nauta, Maus Wijnhout en Anton Verhoeven brutsen dizze regel doe't sy fiifresom as earsten oankamen. Sy waarden diskwalifisearre, mar der is net in oare winner oanwiisd.
[bewurkje seksje] Froulju
Yn 1985 koene foar it earst froulju meidwaan oan 'e wedstryd. Yn dat jier wie de earstoankommende frou Lenie van der Hoorn; in jier letter wie dat Tineke Dijkshoorn; yn 1997 Klasina Seinstra. Fan de kommende tocht ôf komt der in aparte wedstryd foar froulju. Der komt dan ek foar it earst in offisjele winnares.
[bewurkje seksje] Oare âlvestêdetochten
[bewurkje seksje] Alternative Alvestêdetocht
Alle jieren wurde der Alternative Alvestêdetochten organisearre. Dy wurde net yn Fryslân holden, mar earne yn in lân dêr't al iis leit.
[bewurkje seksje] Oare sporten
Njonken op redens wurdt de Alvestêdetocht yn organisearre ferbân noch op ferskate oare wizen ôflein; de Alvestêdetocht Kuiertocht en de Alvestêdetocht op de fyts binne dêr de bekendste fan. Ek is der in Alvestêden Fytsfjouwerdaagse.