Rembrandt van Rijn
Rembrandt van Rijn (15 july 1606 of 1607, Leie – 4 oktober 1669, Amsterdam) wie in Nederlânske skilder yn de 17e ieu.
[bewurkje seksje] Libben
Rembrandt waard berne yn Leie as Rembrandt Harmenszoon van Rijn, nei alle gedachten op 15 july fan 1606 of 1607. Hy wie ien fan de njoggen bern fan in mealder en in bakkerstochter. Yn 1621 waard er foar trije jier yn de lear dien by de de skilder Jacob van Swanenburgh. Om 1625 hinne wied er koart yn de lear by Pieter Lastman, mar dêrnei begûn er sels in atelier.
Yn 1631 ferfarre er nei Amsterdam, dêr't syn klanten wennen. Hy kaam te wenjen by keunsthanneler Hendrick Uylenburgh. Yn 1934 boaske er my dy syn heale nicht Saskia Uylenburgh, fan Ljouwert. Tegearre krigen it pearke fjouwer bern, mar allinnich de jongste, Titus, berne yn 1641, bleau yn wêzen. Net folle letter ferstoar Saskia.
Letter wenne Rembrandt gear mei Hendrickje Stoffels, dy't yn 1654 in famke krige, Cornelia efter Rembrandts mem. Hendrickje ferstoar yn 1663, en Titus yn 1668. Doe't Rembrandt ferstoar, 4 oktober 1669, hied er allinnich noch syn dochter Cornelia. Rembrandt waard begroeven yn de Westertsjerke yn Amsterdam.
[bewurkje seksje] Wurk
Rembrandt hat in lytse 3.000 wurken makke, dêrfan in 600 skilderijen en in 300 etsen. It krekte oantal is net wis, ûnder oaren om't in tal fan de wurken dy't yn it ferline oan him taskreaun binne mûglik troch neifolchers makke binne.
Karakteristyke motiven foar Rembrandt binne foarstellings út de religy en de mytology. Mar hy hat ek in útsûnderlik grut tal selsportretten makke, hast 100, dy't tegearre it ferhaal fan syn libben skilderje. Rembrandt wurke in soad mei ljocht en tsjuster, wat tegearre mei it realistysk werjaan fan ûnfolsleinichheden de taskôger behellet by de foarstelling.
It ferneamste wurk fan Rembrandt is de Nachtwacht, dy't yn it Ryksmuseum yn Amsterdam hinget.