Poarperstreekparlemoerflinter
Poarperstreekparlemoerflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Brenthis ino |
De Poarperstreekparlemoerflinter (Brenthis ino) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
Froeger wiene der lytse populaasjes in Limburch mar dy binne in de rin fan de jierren ferdwûn. De flinter hâldt fan matich foedselrike rûchten en greiden mei rivierkes. De Poarperstreekparlemoerflinter is noch te finen yn de Ardennen en Eifel. It is in honkfêste soarte.
Op de reade list stiet de flinter as ferdwûn út Nederlân.
De flinter is yn 2006 1 kear sjoen.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte is 17 oant 22 mm. De boppekant is oranje krekt as by de Grutte Parlemoerflinter. De Poarperstreekparlemoerflinter is lykwols in stik lytser. De ûnderkanten fan de efterwjukken binne giel mei in fiolete ban mei donkere ringen.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan begjin juny ôf oant begjin augustus. De Poarperstreekparlemoerflinter fleant yn ien generaasje.
[bewurkje seksje] Rûp
De groeiperioade fan de rûp is yn it foarjier en in de foarsimmer. It aaike fan de flinter oerwinteret.
De rûp fret fan de Wylde Geiteburd.