Operaesje Fers
Operaesje Fers wie in Fryske dichterstelefoan ûnder nûmer 058-2131313 dêr't elts nei beleaven ynbelje koe om in gedicht te belústerjen. Operaesje Fers hat bestien fan 1968 oant 1994. Yn dy tiid hawwe fia de dichterstelefoan mear as 2000 gedichten te belústerjen west: likernôch 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa'n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag.
Yn 1969 woe de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis, besteande út G.A. Gezelle Meerburg, Lolle Nauta en Jan Wybenga, de priis takenne oan Operaesje Fers, mar Deputearre Steaten fan Fryslân stuts dêr in stokje foar omt it reglemint it takennen fan de priis oan ien auteur foarskriuwt.
Njonken de oprjochters hawwe ûnder oaren Joop Boomsma, Pier Boorsma en Willem Abma in sit yn de redaksje hân.
Op 27 jannewaris 2005 binne de lûdsargiven fan Operaesje Fers publisearre op de webside fan Tresoar.
[bewurkje seksje] Literatuer
- Kar út 15 jier Operaesje Fers (1984)