Tresoar
Tresoar is it Frysk Histoarysk en Letterkundich Sintrum, in yn Ljouwert fêstige ynstelling.
[bewurkje seksje] Skiednis
Tresoar is ûntstien út trije ynstellings, trije stúdzje- en dokumintaasjesintra dy't elts in kolleksje behearen dy't yn haadsaak bestie út papier en benammen te krijen hie mei de skiednis en kultuer yn Fryslân:
- De Provinsjale en Buma Biblioteek fan Fryslân (PBF)
- It Ryksargyf
- It Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum
Njonken dy oerienkomsten binne der ek grutte ferskillen, sawol yn kolleksjeopbou as yn dat wat der mei dien wurdt.
[bewurkje seksje] Kolleksje
Yn it nije ynstitút binne de trije grutte en wichtige kolleksjes dy't yn de haadsaak te meitsjen hawwe mei de letteren en de skiednis fan Fryslân gearfoege.