Lytse Parlemoerflinter
Lytse Parlemoerflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Issoria lathonia |
De lytse parlemoerflinter (Issoria lathonia) is in flintersoarte yn it skaai fan de Issoria.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
Yn de dunen is de flinter in algemiene stânflinter. Yn it binnenlân is it in ûnregelmjittige stânflinter. It is swalklustige soarte. De flinter hâldt fan skrale, droege en waarme greiden mei fioeltsjes.
Op de reade list stiet de flinters as kwetsber.
[bewurkje seksje] Fleantiid
De flinter fleant fan begjin april ôf, oant ein novimber. Foaral tusken 15 oant 25 april en tusken 10 juny en augustus. Fleant altyd yn trije oerrinnende generaasjes.
[bewurkje seksje] Flinter
De wjuklingte fan de flinter is likernôch 19 oant 23 mm lang. Op de ûnderkant fan de efterwjukken sitte grutte sulveren plakken. De wjukfoarm is hoekich.
[bewurkje seksje] Rûp.
De rûp kin 30 mm lang wurde. It liif is swart mei toarnen. De kop is ljochtbrún mei donkere plakjes. De rûp oerwinteret as in healwaaks rûp. De groeiperioade fan de rûp is yn de hjerst, it foarjier en de simmer. De rûp groeit fluch.
De rûp fret fan it dúnfioeltsje, lyts fioeltsje en it trijekleurich fioeltsje.