Lytse Foksflinter
Lytse Foksflinter | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Aglais urticae |
De Lytse Foksflinter (Aglais urticae) is in soarte yn it skaai fan de Foskes (Aglais).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Namme
De Lytse Foksflinter hjit yn it Frysk ek wol Foske as Lytse Foks.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Lytse Foksflinter is in algemiene stânflinter. De flinters komme soms foar yn grutte oantallen. Se binne faak te finen yn tunen. De flinter fertoant swalkgedrach.
[bewurkje seksje] Flinter
De fleantiid: ein maaie - begjin augustus, en ein july - winter - april, foaral augustus.
[bewurkje seksje] Rûp
It liif fan de rûp is gieleftich griis; bytiden is de rûp donkerder. De kop is swart mei giele flekjes. Jonge rûpen meitsje spinselnêsten yn brânnettels. Dy spinsels binne maklik te finen; se binne faak te finen op iepen en sinnige plakjes. Folwoeksen rûpen libje allinnich.
De rûp fret fan de Grutte Brânnettel.