Jelsum
Jelsum is in doarp yn de gemeente Ljouwerteradiel, súd fan Stiens. It doarp hat likernôch 230 ynwenners (2004).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
[bewurkje seksje] Tsjerklike skiednis
Jelsum hat hiel âlde papieren. Der wurdt tocht dat it begjin fan it doarp ûntstien is yn sa om 700 f. Kr. It is der kommen om’t der terpen boud waarden op en om in kwelderwâl. De tsjerke moat om 1170 stifte wêze. De parochje Jelsum wie ynearsten in part fan dy fan Sint Vitus fan Aldehou. Letter is de dochterstsjerke selsstannich wurden, mar de memmetsjerke bleau ynfloed hâlden. It falt op dat Jelsum learde pastoars hie. Guon fine wy dan ek werom as notaris yn âlde akten. Dit sil kommen wêze om’t de pastoars út Mariëngaarde kamen.
Ek oare kleasters hienen yn Jelsum besit. It kleaster Klearkamp hie der in úthôf. It stik fan sa’n 125 pûnsmiet hearde ta it Haskerkonvint by Haskerdiken. In namme fan in pastoar dy’t noch al ris neamd wurdt is dy fan Gellius (Jelle) Faber de Bouma. Hy gie oer nei de nije lear en is dêrom nei East-Fryslân flechte. Dêr is hy in foaroansteand dûmny wurden. Bekend is dat hy in iepenbier petear holden hat mei Minne Simens.
[bewurkje seksje] Moderne skiednis
Nei 1945 is Jelsum efterút gien. Troch it fleanfjild wie it net in plak dat jin oantrune om dêr te wenjen en troch de ferbreding fan de Brédyk binne der noch al wat wenten ôfbrutsen.
It sintrum fan Jelsum, Oan ‘e Terp, is beskerme doarpsgesicht.
[bewurkje seksje] De doarpsgrinzen
De súdlike doarpsgrins, dy’t bestiet út de Jelsumer Feart of Haskermear, is noch deselde as dy 1200. Dit is ek de gemeentegrins. Fierder wurdt it Aldlân omsletten troch de Dokkumer Ie en de Koarnjumer Feart.
Oare kant de Hege Dyk, de âlde seedyk, leit it oars. In part fan Jelsum, it meastepart fan it Jelsumer Nijlân, is by de gemeente Ljouwert foege, yn ferbân mei it fleanfjild.
[bewurkje seksje] De namme
In ferklearing kin wêze: it hiem fan Jelle of Hylke of Hylkje. Der wurdt ek tocht oan it staach fan Jelsma, Hilsma of Hielsma. In âlde foarm is Ethelinge, dat it soe ek betsjutte kinne: it skaai fan de Ethelingen. Oare âlde foarmen binne Hielsema en Hyelsemagha. De amtners makken der Hjelsum fan.
[bewurkje seksje] De tsjerke
De romaanske tsjerke is boud fan dowestien. De tsjerke is wijd oan Genoveva (Geneviève), in Frânske hillige dy’t fan om 422 oant 502 libbe hat. Se is ek patroanhillige fan Parys, dêr’t se it grutste part fan har libben wenne hat. De preekstoel, it fjouwerkant, de doopbekkenshâlder en de hearebank binne út de 17de ieu. Yn 1781 is tsjerke ferboud en doe moat der hiel wat ferlern gien wêze. Fan âlds wienen der fjouwer tsjerkepaden. Ien dêrfan waard de Lange Jammer neamd. Der wie ek noch in Koarte Jammer.
Yn de lettere bakstiennen toer hingje twa klokken. De iene is der yn 15de ieu pleatst en de twadde, fan P. Overney út Ljouwert, is yn 1671 getten. Yn de tsjerke lizze noch in tal grêfstiennen. Op it tsjerkhôf binne twa grêfkelders. De iene is fan de bekende Jelsumer famylje Hoekstra en de oare heart ta oan de famylje Van Wageningen, de bewenners fan Dekemastate
Jelsum hat dûmny’s fan namme hân. Twa hawwe, wat se húshâldboekjes neamden, efterlitten. Dit wienen oantekenboekjes oer it wol en wee fan Jelsum. Ds. Thomas is hjirmei begûn. It wichtichste boekje is fan ds. J.C. Wiersma dy’t fan 1739 oant 1792 yn Jelsum stien hat. Wiersma hat alle stjergefallen mei kommentaar notearre. Wiersma wie dêrnjonken ek noch boer, túnker en ymker. Wiersma rûn al tsjin de 80 jier, doe’t hy syn ôfskiedspreek holde
[bewurkje seksje] De eardere staten
Oan de noardkant fan de tsjerke lei Harinxmastate of Haaymastate. De state is al langlyn ôfbrutsen. In bekende eigner hat Goasse fan Coehoorn, de heit fan Menno fan Coehoorn, west. De terp is yn ‘e rin fan de tiid ôfgroeven. Wat der fan oerbleaun is, binne in stikje fan de grêft en de slotpleats, no bekend as de Van der Burgpleats. Op dy slotpleats binne Jan Linzses van der Burg en syn broer Sjirk Linzes van der Burg berne. Jan wie neist boer ek in beskieden dichter. Syn namme libbet noch troch It Heitelân, wat noch graach songen wurdt as it alternative Fryske Folksliet. Sjirk is notaris yn Makkum wurden en wie foarsitter fan it Frysk Selskip.
Fierder, bûten it doarp, lei by de Koarnjumer Feart Hinnemastate. Ek dy is, yn de 18e ieu, ôfbrutsen, mar it eardere stee wurdt hjoeddedei troch beplanting oanjûn.
[bewurkje seksje] De Wassenaars
Om 1900 hinne wie der in krisis yn ‘e bou. Guon bouboeren gienen dêrom oer op it hâlden fan fee. De bruorren Wassenaar út It Bilt, wienen oan de Jelsumer Hoekstra’s besibbe. Se hienen dêr sa al lân. Se besletten om ek mar oer te gean nei de feehâlderij. Der wurdt ek wol sein dat se nei Jelsum gien binne fanwege it opkommen fan sosjalisme yn It Bilt. Se bouden twa mânske pleatsen. Haskersate en Fiversate. Se bleauwen heareboer. Fan de twa makke Jan Nannes Wassenaar namme as feefokker. Hy wie foarsitter fan it Fries Rundvee Stamboek. Hy hat ferskate wrâldreizen makke om it Fryske fee nei foaren te bringen. Nei syn dea yn 1958 hat syn frou Richtsje Wassenaar-Boelstra it bedriuw mei in meiwurker noch in skoft fierder behertige. Har hichtepunt hat west de besite yn 1959 fan keninginne Juliana, prins Bernhard en de Sjah fan Perzje oan Fiversate.
[bewurkje seksje] It molkfabryk
Doe’t de boeren op fee oergienen, moasten se harren molke ek kwyt. Yn Stiens wie al in molkfabryk, mar om de molke nei Stiens te bringen fûnen de Jelsumer boeren eins te lyts. Op 15 augustus 1891 kamen de grutte Jelsumer boeren gear yn de herberch De Grutte Bontekoe. Besletten waard om in bûterfabryk op te rjochtsjen. In jier letter waard de earste molke ferwurke. It fabryk, mei as merknamme ‘De Swan’, levere in protte molke oan Ljouwerter molktapers. De delgong begûn yn 1961 doe’t it fabryk gjin flessemolke mear leverje koe. Yn 1969 besletten de leden om te fusearjen mei L.M.I. oan de Emmakaai yn Ljouwert. Yn 1980 waard de L.M.I. in part fan de Frico yn Wergea.