Dokkumer Ie
De Dokkumer Ie is in trekfeart dy fan Ljouwert nei Dokkum rint.
It wetter is al yn de 13e ieu makke troch it ferbinen fan twa âlde seeslinken. De iene kaam út de Lauwerssee en de oare út de Middelsee. Trochdat dêr in ferbining tusken makke waard ûntstie de Dokkumer Ie. Ljouwert krige sa in farwei nei it Waad. By de westlike ein fan dy ferbiningsgrêft leit Ter-greft.